Henk Veerman wer passearre foar Vitesse, Joey Veerman fraachteken

It is noch net wis oft Hearrenfean-middenfjilder Joey Veerman sneon tsjin Vitesse meidwaan kin. Hy hat freed net meitraind, omdat er lêst fan 'e tean hat. Siem de Jong begjint tsjin Vitesse yn de basis. Spits Henk Veerman sit wer op de bank.
Johnny Jansen oer de wedstriid tsjin Vitesse en de fraachtekens yn syn opstelling:
Kluptopskoarder Henk Veerman waard ferline wike tsjin FC Utrecht op de bank set, mar stie yn it bekerduel tsjin AFC wol wer yn de basis. Doe skoarde er ek, mar no hat trainer Johnny Jansen der dochs wer foar keazen om mei Siem de Jong yn de basis te begjinnen.
Jansen woe de opstelling sels noch net bekend meitsje. "Er zijn nog wat twijfelgevallen. Daarom kom ik nog niet naar buiten met de opstelling."

Fraachtekens en blessueres

Joey Veerman hat lêst fan 'e tean. Hy sil foto's meitsje litte en dan is it noch efkes ôfwachtsjen oft er spylje kin of net.
Wol woe Jansen oanjaan dat Sven van Beek wer spylje kin. Tsjin AFC begûn er net yn de basis, mar foel hy noch wol yn. "Hij was toen nog niet fit genoeg om een hele wedstrijd te spelen", seit de trainer. Van Beek hie de gryp.
Nick Bakker foel yn de wedstriid tsjin AFC út mei in blessuere oan 'e holle. Nei de tiid wie op de socials fan SC Hearrenfean te sjen dat hy in flink bult op 'e holle hie. "Maar die bult was redelijk snel weer verdwenen daarna", seit Jansen. "Maar hij zit wel bij de selectie en kan spelen zaterdag."
In dikke bult op 'e holle by Nick Bakker:
Dochs begjint Hearrenfean mei Ibrahim Dresevic sintraal efteryn, njonken Sven van Beek. Filip Stevanovic begjint ek yn de basis. Arjen van der Heide komt dêrom op 'e bank.
Lucas Woudenberg wie in skoft blessearre, mar is wer fit genôch om plak te nimmen op de bank.
Opstelling Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Dresevic, Van Beek, Kaib; Joey Veerman (Kongolo), Madsen, Halilovic; Musaba, De Jong en Stevanovic.
Woansdei wûn Hearrenfean yn de beker mei 2-1 fan AFC, in ploech út de twadde divyzje. Pas yn it lêste kertier kaam skoarden de Friezen.
"Nee, we hebben daar niet goed voetbal gespeeld", jout Jansen ta. "Als de ruimtes klein worden, hebben we moeite erdoorheen te komen. Als de ruimtes groter worden, kunnen ze makkelijker voetballen. Als het tempo te laag wordt, heb je het dus lastig tegen zo'n tegenstander."