Op dei fan premjêre is Kneppelfreed miskien wol aktueler as ea

Yn it Ljouwerter gerjochtshôf giet freedtejûn de teäterfoarstelling Kneppelfreed yn premjêre. It stik, oer it belang fan de Fryske taal yn it algemien en yn de rjochtbank yn it bysûnder, is miskien wol aktueler as ea.
Kneppelfreed wie it begjin fan de Fryske identiteit:
Ald-Tresoardirekteur en histoarikus Bert Looper fertelt dat Fedde Schurer op de dei fan Kneppelfreed yn Ljouwert terjochte stie foar it misledigjen fan de rjochter. "Der wie net in grutte seal organisearre. Bûten wiene in soad jongelju dy't it meimeitsje woene: it gie om de Fryske taal en it rjocht om Frysk te praten yn de rjochtbank. Doe gie it mis. Der waard wat treaun en de plysje rekke yn panyk. Oft it in geweldsekses wie wit ik net, mar it hat yn elts gefal de namme Kneppelfreed krigen."

Selsbetrouwen

Neffens Looper hat Kneppelfreed in soad betsjut. "It joech selsbetrouwen: wy kinne wat berikke as wy foar de taal opkomme. It leit hiel ticht by dysels: de frijheid om dysels wêze te kinnen en om de taal te praten dy't fan dy is."

Byld fan wat Fryslân wêze moat

Net allinne foar it momint sels, mar ek op de lange termyn. "It meast wichtige wie miskien wol dat de Fryske polityk it konsept 'Fryslân' of 'Fryske identiteit' akseptearren as útgongspunt foar it belied. It taal- en kultuerideaal en it eigen foech hawwen wurdt yn de Steaten droegen. Men krige in byld fan wat Fryslân eins wêze moast. Dat hat Kneppelfreed opsmiten."

Bot fan dizze tiid

Aktrise Joke Tjalsma spilet in rjochter yn de foarstelling. Foar har is dúdlik wurden dat de foarstelling eins bot fan dizze tiid is. "It giet oer Kneppelfreed, mar ek oer blokkearfriezen en de plaknambuorden. Sa geane wy troch de tiid hinne."
Tjalsma fynt it tige bysûnder om it stik yn de rjochtbank op te fieren. "De measte minsken komme dêr fansels net. Dat is wol yndrukwekkend. En it is op it plak dêr't de striid doe striden is."