Buma: "Kontrôle QR-koade net maklik, mar dat moat it doel net wêze"

"It kin noch wol wêze dat der boeten folgje, mar it is net it doel", seit foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân. Hy seit dat as reaksje op it nijs dat der sûnt it ynfieren fan de coronapas op 25 septimber noch gjin boeten yn Fryslân útdield binne.
"QR-koade-kontrôle net goed te hanthavenjen, mar dat moat it doel net wêze"
"It wie net sa min dat it nedich wie om fuortendaliks boeten út te dielen", jout Buma oan. "Wy hawwe ek sein dat wy earst in perioade jouwe om der in bytsje yn te kommen."

Oertrêdingen net te trappearjen

Dêrnjonken moat Buma ek erkenne dat it noch net sa maklik is om in boete te jaan foar it net kontrolearjen fan QR-koaden. "Want je moatte der echt by wêze en der njonken stean. As der in hanthavener yn unifoarm by in kafee komt, wurdt fansels fuort de QR-koade kontrolearre. Dus it is net sa ienfâldich om in oertrêding te sjen. Der binne echt wol boa's, mar it is net mooglik om der altyd njonken te stean."
Dochs fynt Buma dat it net in 'papieren belied' is. "Dat is it grif net. Want in ûndernimmer wit dat er de koade kontrolearje moat. De gemeente jout it troch en de measte ûndernimmers dogge it ek wol. Undernimmers moatte sels begripe dat it nedich is om nei de QR-koade te freegjen. As sy it echt net dogge en wolle, dan sille wy hanthavenje."

De iene wol, de oare net

Der bliuwe altyd ûndernimmers dy't dochs kontrôle wegerje. Dat kin wrang wêze foar ûndernimmers dy't har wol netsjes oan de regels hâlde en bygelyks personiel kwyt binne troch se yn te setten foar de kontrôle, wylst de buorman net kontrolearret.
"Dat hear ik ek en dat begryp ik ek", seit Buma. "Dat is ien fan de redenen om dochs wol te hanthavenjen. Mar nochris: it hearren is net genôch, in hanthavener moat echt sjen dat der net kontrolearre wurdt."