Ikoanyske útsjochtoer op Ofslútdyk wurdt 'mei soad leafde' renovearre

It bekendste bouwurk op de Ofslútdyk, it Vlietermonumint, wurdt de kommende jierren renovearre. It ferneamde gebou mei de útsjochtoer dat hast 90 jier lyn boud waard, bliuwt yntakt. Der komt wol in útbou oan. In bysûndere opdracht foar arsjitekt Paul de Ruiter.
De útsjochtoer wurdt renovearre:
"De Afsluitdijk is natuurlijk magnifiek. Door zijn minimalisme vind ik het heel erg mooi", fertelt De Ruiter. "Het was een militair object waar een trein over moest kunnen rijden. Hij moest recht zijn en dat maakt de dijk zo prachtig. Dat je midden op zee zo'n kaarsrecht, handgemaakt object ziet, is eigenlijk een wereldwonder."
Sûnt 2013 hâldt De Ruiter him, tegearre mei lânskipsarsjitekt Yttje Feddes, dwaande mei it ûntwerp fan de fernijde Ofslútdyk. De renovaasje fan it Vlietermonumint falt dêr ek ûnder. It markearret it plak dêr't de dyk op 28 maaie 1932 sletten waard. De namme ferwiist nei it gebiet De Vlieter yn de Waadsee, neist de Ofslútdyk.

Utwreiding

"Het is is nu te klein, dus we gaan het uitbouwen", leit De Ruiter út. Oan beide kanten fan it monumint komt in glêzen oanbou. "We willen het maken met respect voor het monument en met respect voor de dijk. Het is de bedoeling dat het zo min mogelijk opvalt. Als je aan komt rijden, zie je het niet. Je kijkt er als het ware overheen. Met heel veel liefde moet je dat gaan renoveren. We hebben veel details bekeken. We gaan het allemaal weer terugbrengen in de originele staat zoals het vroeger was."
De ferwachting is dat it folslein renovearre monumint yn de simmer fan 2023 klear is.
De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in grutte ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.
Yn 32 reportaazjes, likefolle as it tal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk binne te finen op ús temaside.