Natuerfotograaf Bosgra eksposearret mei syn protters yn Parys

Johannes Bosgra wûn ferline jier de Prix de la Photographie yn de kategory 'natuer' mei 'Murmuration I', in foto fan in swaarm protters. No is syn wurk te sjen yn Parys.
Murmuration 1 © Johannes Bosgra
Mei miljoenen dûnsje se tagelyk troch de loft. De foto fan Bosgra wûn ôfrûne jier de wichtige Frânske priis mei dizze foto. "Ik wie bliid doe't ik hearde dat 'myn' protters nei Parys fleane mochten", seit natuerfotograaf Johannes Bosgra, dy't fan Burgum komt en syn atelier yn Hurdegaryp hat.
Ik fyn it in útdaging om se op in abstrakte wize fêst te lizzen.
Natuerfotograaf Johannes Bosgra oer de protters
Benammen yn it foarjier komme de hûnderttûzen fûgels byinoar en dan is Bosgra der klear foar. "Ik fyn it in útdaging om se op in abstrakte wize fêst te lizzen, dat se dy prachtige patroanen meitsje tsjin in helderblauwe loft", seit de fotograaf. "It sjocht derút as swarte pintekeningen, as in ballet."

Op it goeie momint

It lânskip sels nimt hy net mei yn syn foto's; hy rjochtet him allinne op de fûgels. De helderblauwe eftergrûn yn syn wurk is ek in wichtich ûnderdiel, fertelt Bosgra. "Ik besykje it wol op myn eigen wize te dwaan, om my hielendal te rjochtsjen op de foarmen en dan mei dat hiel heldere 'Yves Klein-blue' yn de eftergrûn." Dêrfoar moat hy fansels wol op it goeie momint op it goeie plak wêze."Dat lok twinge jo ôf", seit er.

Espace Beaurepaire

De Prix de la Photographie Paris is ien fan de grutste fotowedstriden yn Frankryk. Fan oer de hiele wrâld dogge der fotografen mei. "In protte minsken witte net wêr't se nei sjogge", seit Bosgra oer syn foto fan de protters. "Dat smyt moaie petearen op."
Net allinne hat er de priis wûn, syn wurk is ek werom te finen yn de tentoanstelling 'Espace Beaurepaire'. Alle winners fan de ferskate kategoryen hingje yn dizze eksposysje yn Parys.
Harkje hjir nei it petear mei fotograaf Bosgra