Sosiëteit Eendragt yn Makkum fiert 200-jierrich jubileum

Sosiëteit Eendragt yn Makkum bestiet 200 jier. De feriening waard yn 1820 oprjochte troch in pear foarname Makkumer manlju; in klup foar notabelen lykas de dokter, notaris en grutte reders. It jubileum wurdt dizze woansdei offisjeel fierd yn Makkum.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
"Eins wie it ferline jier oktober dat we 200 jier bestienen, mar we ha we in hiel jubileumjier, dus it kin noch krekt", seit Albert van der Woude, lid fan de sosiëteit. Minsken kinne noch altyd lid wurde. In nij lid wurdt mei beantsjes oannommen.
"Oare leden krije in wyt en in brún beantsje en dy wurde yn in pot dien. En as der dan in brún beantsje yn de pot sit, giet it feest net troch." Dat is neffens Van der Woude de lêste 199 jier net foarkaam.

Netwurk

It belang fan de sosiëteit sit foaral yn de leden en it netwurk fan dy leden. "Dy sitte yn oare ferieningen en bestjoeren en sa hast gau kontakt." Neist it praten is ek it dwaan fan spultsjes belangryk. "We kaarte in hiel soad, lykas bridge en klaverjasse."
By de resepsje wurdt ek in gevelboerd ûntbleate.
Albert van der Woude