Deputearre begrypt frustraasje sporters: "Thialf is emoasje"

Deputearre Friso Douwstra hat alle begryp foar de frustraasje fan reedriders oer de oanhâldende problemen by iisstadion Thialf. "It sit de minsken heech. Thialf is ek emoasje."
Thialf op It Hearrenfean © ANP
In groep reedriders hat in brief oan de Twadde Keamer skreaun mei as fraach om Thialf finansjele help te jaan. Neffens de reedriders is der driuwend jild nedich om it iisstadion op It Hearrenfean oerein te hâlden.
De brief is ûnder oaren tekene troch Sven Kramer, Ireen Wüst en Rintje Ritsma. Ek âld-reedrider Douwe de Vries hat de brief ûndertekene.
Deputearre Friso Douwstra (CDA) © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Douwstra is bliid mei it brief. Hy is dwaande mei in politike lobby om de Twadde Keamer en it Ryk sa fier te krijen dat der lanlike stipe komt foar Thialf. "It lit wol sjen dat it fierder giet as allinnich de diskusje yn de politike seal. Ik fyn it moai dat we mei-inoar oplûke foar de takomst fan Thialf."
Thialf wrakselet al jierren mei finansjele problemen. It kaam earder dit jier mei it nijs dat rekken holden wurdt mei in fallisemint. De provinsje waard yn 2013 mei in ynvestearring fan 50 miljoen euro de grutste oandielhâlder. Nei tsjinslaggen moast de provinsje ek yn 2018 al jild beskikber meitsje om Thialf net fallyt gean te litten.
De deputearre giet derfan út dat by de begruttingsbehanneling fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport op 6 desimber ek oer Thialf praat wurdt. De provinsje hopet dat in mearderheid yn de Twadde Keamer him dan útsprekke sil foar strukturele stipe fan it Ryk foar Thialf.
"De hoop is grut", seit Douwstra, "mar it moat earst noch mar. De hoop hat der wol faker west, mar oant no ta is it noch net slagge."