Belgyske tolken binne solidêr mei aksjefierende tolken

Belgyske rjochtbanktolken nimme gjin wurk oer fan harren aksjefierende kollega's yn Fryslân en oare parten fan Nederlân. Dat hat de Belgyske beropsferiening fan beëdige fertalers en tolken BBVT besletten.
Aksjefierende tolken © Omrop Fryslân
Earder waard al bekend dat it Frysk yn de rjochtseal ûnder druk stiet om't Fryske rjochtbanktolken gjin opdrachten mear oannimme. De fergoeding is te leech, sa fine de tolken. Dat jildt net allinnich foar Fryske rjochtbanktolken. Twa wiken lyn fierden tolken yn Fryslân aksje by it Saailân yn Ljouwert.
De ôfrûne dagen binne ferskate Belgyske rjochtbanktolken út Antwerpen en Belgysk Limburch frege om te tolken foar Nederlânske rjochtbanken, omdat de tolken fan de Orde van Registertolken en -vertalers yn Nederlân gjin nije opdrachten mear oernimme.

Belgyske tolken solidêr

Foarsitter Henri Boghe fan beropsferiening BBVT fynt dat gjin goed idee. Hy lit fanút de rjochtbank yn Brussel witte dat de Belgyske tolken solidêr binne mei harren aksjefierende kollega's yn Nederlân.
Boghe hat ek ynhâldlike beswieren tsjin it ynfleanen fan rjochtbanktolken oer de grins. "De wetten en procedures zijn in Nederland heel anders dan bij ons. Dat kan gemakkelijk tot fouten leiden en vraagt daarom een grondige voorbereiding." In offisier fan justysje hjit bygelyks yn België 'procureur des konings'.

Mei bewûndering en wurdearring

Boghe is sels rjochtbanktolk Frânsk en Nederlânsk yn Brussel en hat koartlyn al in fersyk wegere om in tolketsjinst yn Roermond oer te nimmen. "Tolken zijn vaak zelfstandigen. Die krijg je niet zo gemakkelijk in actie. Wij kijken daarom met de nodige bewondering en waardering naar de acties in Nederland."
Henri Boghe fan de BBVT
De rjochtbanktolken fertsjinje yn België mei in taryf fan 50 euro justjes mear as yn Nederlân, mar ek hjir striidt de beropsferiening foar bettere betelling en omstannichheden. "We hopen daar in overleg met onze minister van justitie uit te komen, maar als dat niet lukt dan kan het ook bij ons tot acties komen", seit Boghe.