Ald-Ljouwerter Hans Mulder wint Jan Wolkers Priis foar bêste natuerboek

Ald-Ljouwerter Hans Mulder hat de Jan Wolkers Priis 2021 wûn foar syn boek De Ontdekking van de natuur. De winner fan de priis foar it bêste natuerboek is sneintemoarn bekend makke yn it NPO Radio 1-programma Vroege Vogels.
© TerraLannoo
Yn syn boek beskriuwt Mulder yn tweintich ferhalen de ûntwikkeling fan de wittenskiplike natuerstúdzje tusken 1500 en 1900. De yllustrearre ferhalen gean ûnder mear oer fûgels, ynsekten, baktearjes en draken.

Mooglik ferfolch

"Ik ben niet alleen blij en trots, maar ook verbijsterd", reagearre Mulder. "Ik vind het zo fantastisch, ik was al zo blij dat ik op de shortlist terechtkwam." Hy tinkt nei oer in ferfolch, mooglik oer nuttige dieren en de ûnderwetterwrâld dêr't hy yn syn priiswinnende boek noch gjin omtinken oan bestege hat.
Sjueryfoarsitter Jean-Pierre Geelen neamde de winner in "rasverteller". Mulder "schrijft toegankelijk en weet de lezer zo een boek lang bij de les te houden - geholpen door vleugjes ironie en een riante verzameling illustraties en klassieke prenten", seit Geelen.

Mear as 130 ynstjoeringen

De Jan Wolkers Priis waard dit jier foar de njoggende kear útrikt, en bestiet ûnder oare út in jildbedrach fan 5.000 euro. Der wienen noch fjouwer nominearren foar dizze edysje. Mear as 130 boeken dy't it ôfrûne jier ferskynden, waarden ynstjoerd.
Skriuwer Hans Mulder
"It is noch in bytsje ûnwerklik", seit Hans Mulder sels. "It bêste natuerboek fan Nederlân, dat hie ik fansels net tocht. Ik koe it ek net leauwe. It boek giet oer hoe't de West-Europeaan tusken 1500 en 1900 de natuer ûntdekt, beskreaun en ferbylde hawwe. Ik bin konservator fan de natuerhistoaryske kolleksjes fan de Universiteit van Amsterdam. Ik hie in soad boeken digitalisearje litten. Ik tocht: ik kin de ferhalen wol opskriuwe dy't wy oars fertelle en se yllustrearje mei prachtige ôfbyldingen út ús kolleksje."