Lieuwe Westra genietet fan nij libben yn Spanje: wol fytse, mar gjin stress

Lieuwe Westra hat de rêst fûn. Yn Spanje libbet de âld-profhurdfytser mei syn freondinne Ingrid yn it doarpke La Fustera oan de kust fan Súd-Spanje. Fytse docht hy noch altyd, mar no op in ûntspannen wize. Westra ferhiert apparteminten en giet mei syn gasten te fytsen.
Troch: Simone Scheffer
Lieuwe yn Calpe
Sûnt twa jier wennet Westra yn Spanje by it kustplak Calpe. Hy tinkt dat hy dêr ek net wer weigiet. It klimaat, de omjouwing en it fytsen yn de bergen befalt him. De kontakten mei Fryslân binne der fansels wol, mar de hurdfytser yn rêste hat net it idee dat hy weromkomt nei it heitelân.
Westra begûn krekt foar de coronapandemy mei syn fytsakkommodaasje. Minsken kinne der oernachtsje en as se wolle op fytstocht mei de âld-fytser fan Vacansoleil en Astana.
Lieuwe Westra © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Fytse fynt hy noch altyd it moaiste dat der is, mar de stress fan it altyd prestearje moatte is der net mear. "Der is net ien mear dy't seit as ik thúskom, dat ik it min of goed dien ha. Ik ha gjin nûmer mear op 'e rêch."
Al bliuwt der altyd in soarte fan 'Beest' yn him sitten. As Alex Zülle (twa kear twadde yn de Tour de France en twa kear winner fan de Vuelta) him meldt om mei Lieuwe de bergen yn te gean, komt der dochs in soarte fan kompetysjegeast boppedriuwen. Mar it is benammen plezier, dat hy no oan it fytsen belibbet.
Hy hat ek net folle kontakt mear mei âld-kollega's. "Mar as Zülle bellet, dan wol ik fansels graach mei him fytse. En it jout oan dat de fytswrâld mar lyts is."
Lieuwe Westra mei Alex Zülle © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Westra 'It Beest' hat yn syn profkarriêre goede, mar ek minne tiden belibbe. De lêste jierren hie hy bot lêst fan depresjes. Ien fan de grutste oarsaken dêrfan wie in juridysk gefjocht dêr't hy yn belâne. In saaklik skeel late ta njoggen jier rjochtsaken tsjin syn âld-saakwaarnimmer André Boskamp.
Alles stie ûnder druk troch dizze slepende kwestje. Westra syn famylje kaam ûnder druk en ek syn relaasje hie der fan te lijen. De depresje soarge ek foar it ein oan syn proffytskarriêre yn jannewaris 2017. Dêrnei focht Westra juridysk troch en wûn er úteinlik begjin dit jier syn saak. De depresje wie dêrmei ek foarby.
Ik ha fochten en ha it wûn. Ik bin bliid dat ik net opjûn ha, mar it hat in soad druk jûn.
Lieuwe Westra oer de goede ôfrin fan de rjochtsaken
De medikaasje fan anty-depressiva sette hy stop. In weromfal hat hy net hân. Der is gjin stress mear. Hy kin fierder bouwe oan syn nije libben. "Ik ha fochten en ha it wûn. Ik bin bliid dat ik net opjûn ha, mar it hat in soad druk jûn. De wierheid is boppe kaam, dêr bin ik grutsk op."

Nij libben sûnder rêchnûmer

No sit er dus noch alle dagen op de fyts, mar dan oars. Hy is grutsk op wat hy prestearre hat yn syn fytskarriêre en ek op wat hy no opset hat mei syn freondinne Ingrid. Tegearre hawwe se it goed yn Spanje. Hy mist it proffytsen net en kin it goed loslitte, seit hy.
It is benammen it klimaat yn Spanje dat de yn Mûnein berne fytser goed befalt. Fryslân sit yn syn hert, mar hy tinkt net dat hy ea weromkomt om hjir wer te wenjen. Hy hat wol in soad kontakt mei syn mem fia it byldskerm, mar as hy sjocht nei it waar yn Nederlân dan hat hy syn kar gau makke.
Op de fraach oft hy oer tweintich jier noch yn Spanje wennet, antwurdet Lieuwe resolút: "Ik tink it wol, seker." Dochs leit der ek in stikje Fryslân foar de doar. De Omrop Fryslân-doarmatte pronket no ek yn Calpe.
Lieuwe Westra mei de Kom fierder-matte yn Spanje © Omrop Fryslân, Simone Scheffer