Aris wint yn overtime fan Den Helder Suns

De basketballers fan Aris hawwe mei 86-78 wûn fan de Den Helder Suns. Aris hie lange tiid in romme foarsprong, mar nei fjouwer kwarten wie it lyk (72-72). Yn overtime wienen de Ljouwerters dúdlik sterker.
© Orange Pictures
Aris sette goed útein. De Ljouwerters skrokken net doe't Den Helder de earste punten pakte. Aris hie by 6-5 foar it earst in foarsprong te pakken en joech dy yn it earste kwart net fuort.

Trijepunter thúsdebutant

Aris rûn hieltyd fierder fuort by Den Helder, mei troch in pear moaie trijepunters. Onne de Moes mocht syn earste minuten yn eigen hûs meitsje en hy joech dêr glâns oan troch ek in trijepunter te skoaren. Sa wie it nei it earste kwart 21-11.
Yn it twadde kwart koe Aris dy foarsprong fêsthâlde. As Den Helder, mei de Ljouwerter Sven Lemke yn de ploech, wat weromkaam, fergrutte Aris it ferskil dêrnei fuort wer nei in punt of tsien. Healwei wie it dêrtroch 41-30.

Dreech tredde kwart

Nei it skoft hie Aris it dreech. Fan 44-30 waard it 48-43 en sa wie it ferskil noch mar fiif. Fierder liet Aris it net komme: de skoare oan it ein fan it tredde kwart wie 54-48.

Spannende slotfaze

Yn it fjirde kwart foel de iene nei de oare trijepunter. De marzje waard wer wat grutter yn it foardiel fan Aris en by 66-56 like it wol beslikke. Den Helder joech lykwols net op en kaam werom oant 66-63. De besikers sieten no yn de flow en mei in prachtige trijepunter waard it sels lyk: 66-66.
Yn de lêste minuten kaam Aris op 70-66, mar Den Helder bleau tichteby en in minút foar it ein wie it wer lyk: 70-70. Mei noch 20 sekonden op de klok kaam Den Helder foar it earst sûnt it earste kwart op foarsprong: 70-72. Ryan Logan makke mei noch acht tellen te gean 72-72 en dus wie der overtime nedich.

Trijepunters yn overtime

Yn de ekstra tiid lei it inisjatyf wer by Aris. José Dimitri Maconda wie goud wurdich foar Aris mei twa trijepunters. Den Helder besocht it dêrnei noch wol, mar kaam net fierder as 86-78.
Quin Cooper en Shaquille Doorson makken beide 15 punten en wienen dêrmei topskoarer oan side fan de Ljouwerters.