Acht finalisten foar Liet 2021 binne bekend

De acht artysten dy't yn de finale fan it Frysktalige sjongfestival Liet steane, binne bekend. Se binne keazen troch in fiifkoppige sjuery en troch stimmen fan it publyk, dat online twa wildcards foar de finale fuortjaan koe. De finale is op 17 novimber yn Neushoorn yn Ljouwert.
Liet 2019 © Omrop Fryslân
De artysten dy't yn Neushoorn spylje meie, binne Adri de Boer, Bron, The Lone Wolf, Fokko Jan van der Ploeg, 2nd TRY, Rene de Jong & Lars Mulder & band, Volk!! en de eardere winner Sequens.
Ien fan de acht wurdt de opfolger fan MOSKEN, de band dy't yn april Liet by 2020+1 de sjuerypriis wûn. De winner fan Liet 2021 giet takom jier nei Liet International ta. Dat fynt op 13 maaie plak yn it Deenske Tønder.
Foar de artyst mei bêste songtekst leit de tekstpriis klear. Dy waard yn april wûn troch Sample Text. Doe wie dat spitigernôch sûnder publyk, mar op 17 novimber kin der wer publyk by wêze. De kaartferkeap set ynkoarten útein fia Neushoorn.

Goed 1.700 publyksstimmen

It Fryske publyk hat goed 1.700 stimmen útbrocht en dêrmei trochjûn wa't sy yn de finale sjen wolle. De measte stimmen wienen foar 2nd TRY en foar Rene de Jong, Lars Mulder en band. "Moai dat der wer sa'n soad minsken meilibje", seit Liet-foarsitter Gerard van der Veer. "We ha acht moaie finalisten en ik bin der wis fan dat it in moaie jûn wurdt."
Op dy jûn steane net allinnich de acht finalisten op it poadium. Der binne ek wer trije crossover-acts: Fryske artysten dy't spesjaal foar Liet de gearwurking sykje. Dit jier bestean dy duo's út Jonathan Rhodes mei Olaf Visser, Ginge mei Faske en Willie Darktrousers mei Marije de Vries.