Akademy die ûndersyk nei Súd-Lauwerslânsk: 'Nea goed ûndersocht'

De Fryske Akademy hat in rapport publisearre oer de streektaal Súd-Lauwerslânsk. It taalferskaat yn it gebiet eastlik fan Kollum wie noch nea goed yn kaart brocht.
Argyffoto fan Boerum © ANP
De konklúzje fan it ferkennende rapport falt miskien te ferwachtsjen: der is in 'kontakttaal' ûntstien yn it Frysk-Grinslanner grinsgebiet. It kontakt tusken de beide provinsjes wurdt wjerspegele yn de wurden en taalregels.

Hast neat oer bekend

Yn 2019 die mei in oar ûndersyk bliken dat der 'bijzonder weinig bekend' wie oer it Súd-Lauwerslânsk. "De beschikbare kennis kon in twee bladzijden worden samengevat", sa stiet yn it rapport. Boppedat waard de streektaal yn it ferline foar 't gemak ta it Stedsfrysk fan Kollum rekkene. Der wie dus grut ferlet fan in ûndersyk.

Sân doarpen

Yn it ûndersyk binne sân doarpen meinaam: de polderdoarpen Kollumerpomp, Warfstermûne, Muntsjesyl en Boerum, mar ek Gerkeskleaster, Strobos en Kollum. Yn totaal wenje dêr in lytse 8.500 ynwenners.
Yn elts doarp binne twa sprekkers fan boppe de 50 jier selektearre en frege om in lange list fan wurden en sinnen oer te setten yn har eigen dialekt. Dêrfan binne ek opnamen makke, sa't de klanken bewarre bliuwe.

Beynfloede

Der hat bliken dien dat der echt in nije 'taalfariëteit' ûntstien is. It Súd-Lauwerslânsk is beynfloede troch it Frysk, Nedersaksysk, Stedsfrysk en Nederlânsk.
It gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De útspraak fan de G lit bygelyks dúdlik de oergong fan it Fryske nei it Grinslanner taallânskip sjen. It lykje twa groepen: de mear Fryske doarpen yn it (noard)westen en suden, en de mear Grinslanner doarpen yn it (noard)easten.
Yn de westlike doarpen wie de G faker in Fryske G (as yn it Ingelske good), yn de eastlike doarpen faker in Nederlânske G. In selde oergong tusken de provinsjes is te sjen yn it net-útsprekken fan de R foar de S, L, D, T en N. De measte sprekkers hawwe de R wol útsprutsen.

Jild nedich foar ferfolchûndersyk

De Fryske Akademy hopet mear ûndersyk dwaan te kinnen, yn gearwurking mei Rijksuniversiteit Groningen en it Meertens Instituut. Dêr moat noch wol jild foar byinoar helle wurde.
Undersyk nei de mingtaal kin neffens de skriuwers helpe om te begripen hoe't talen inoar beynfloedzje kinne en hoe't taalgrinzen ûntstean en ferskowe kinne. Nijsgjirrich soe neffens de ûndersikers ek wêze om út te sykjen oft it Súd-Lauwerslânsk ek troch jongelju praat wurdt en oft de ynwenners harsels identifisearje as Fries of just as Grinslanner.