Biologyske hutspot foar Suderigge troch gearwurking mei Fryske bioboer

Bewenners fan soarchsintrum Suderigge op De Lemmer krije tongersdeis biologysk iten. De produkten komme fan boer Botma, dy't gewaaksen duorsum produsearret.
Sûne tylt moat foar sûne minsken soargje:
Folkert Botma ferbout duorsum. Net mear alles op ien perseel ien gewaaks, mar 32 stripen mei allerhanne gewaaksen. "Dat soarget foar mear bioferskaat, likegoed boppe as ûnder de grûn", leit Botma út. "Wy besykje ek mear CO2 op te slaan yn de grûn en mear ynsekten oan te lûken. It fee soarget foar dong op in natuerlike wize. Sa besykje wy de grûn en úteinlik de wrâld in stikje sûner te meitsjen."

Sûne natuer, sûne minsken

Botma wurket mei de fisy fan 'regenerative lânbou'. "Dat giet út fan in sûne grûn, sûne planten en dêrtroch ek sûne minsken. Dêrom wie de soarch in logyske doelgroep en kamen wy út by Hof en Hiem. Wy wolle regionaal ôfsette en foar harren is it wichtich om mei sûne griente iten te sieden."
Biologysk boer Folkert Botma fan Ingwierrum
Botma socht in partij dy't deselde filosofy oanhinget en sa kaam er út oan de oare kant fan de provinsje by de soarchsintra en koks fan Hof en Hiem. Yn de keuken fan Suderigge op De Lemmer wurdt alle dagen iten makke foar sa'n 200 kliïnten.

Suderigge

Gerrit Overwijk is 'haad Voeding' en hy is wiis mei de gearwurking. "It is hartstikke lekker en sûn en medysk en finansjeel ferantwurde. It hie wol earder kinnen, mar wy binne net earder mei-inoar yn kontakt kaam. Produsint Botma kaam by ús en sei: wy leverje in moaie, smaakfolle griente. Is dat wat foar jimme? Wy binne entûsjaste koks, dus wy seine: dat moat altyd wêze."

'Smaakstjoering'

Sy dogge ek oan 'smaakstjoering' dat fan sikehûs Antonius yn Snits weikomt. "As de smaakpapillen troch bygelyks sykte efterút gien binne, dan besykje wy troch krûden en tafoegingen it miel wer sa op smaak te bringen, dat minsken dy smaak wer weromkinne", leit Overwijk út. "Dan ite sy mear, bliuwe sy sûner en nimme sy minder medikaasje."
Bioboer Botma fan Ingwierrum krijt feedback fan âlderein op De Lemmer dy't krekt hutspot mei syn produkten iten hat © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Tongersdei koenen de minsken kieze tusken hutspot en reade biten. It biologysk iten foel goed yn de smaak.