Earbetoan oan âlderein: twa muorreportretten op tehûs yn Ljouwert
De grutte muorreskildering fan de Frânske graffitykeunstner Aéro is sawat klear. De keunstner is ferline wike tiisdei begûn oan twa gigantyske portretten op de sydkant fan soarchsintrum De Hofwijck oan de Rengersleane yn Ljouwert.
It is in ymmins keunstwurk:
It muorrekeunstwurk is in earbetoan oan de âlderein dy't yn it tehûs wenje. De gesichten fan de man en frou binne realistysk skildere mei de spuitbus. Aéro docht woansdei de finishing touch: hy set syn hantekening by it keunstwurk.

Aéro, syn echte namme is Matthieu Croyal, hat dit wurk makket yn opdracht fan Writer's Block Murals yn Ljouwert. Hy komt eins út de graffity. Syn earste muorrekeunstwurk hat hy makke yn 1997.
Njoggen dagen yn waar en wyn
Dit is syn earste keunstwurk yn Ljouwert. As it goed is, is dit wurk woansdeitejûn klear. Dan hat er njoggen dagen yn waar en wyn de portretten der op set. Aéro giet tongersdei werom nei nei Frankryk foar in nij projekt.
