Alde Snitser skoalle giet opnij iepen foar flechtlingebern

Foar de fjirtich flechtlingebern dy't op it stuit opfongen wurde yn Heech, wurdt de Master Sperkhemskoalle yn Snits spesjaal weriepene.
De Master Sperkhemskoalle yn Snits © Google Street View
De fjirtich bern geane nei de hjerstfakânsje nei de Snitser skoalle ta. De skoalle wie oant foarich jier iepen, mar omdat der hieltyd minder learlingen wienen, is de skoalle opheft.
Wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân
"Het zijn best veel kinderen en het gaat ook om kinderen die een speciaal soort onderwijs nodig hebben. Zodoende zijn we bij deze school uitgekomen", leit wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân út. "De mensen daar hebben hier heel veel ervaring mee. De school wilde het graag doen, maar vroeg wel om een plek voor deze extra kinderen. Toen zijn we bij dit schoolgebouw uitgekomen."

Ombouwe

It gebou is no fan in bernedeiferbliuw, mar kin al gau wer brûkt wurde as skoalle. Op moandei 25 oktober binne de earste lessen. Nei 1 maaie wurdt it gebou wer brûkt as bernedeiferbliuw.
De fjirtich flechtlingebern sitte yn in herberch yn Heech, mei noch 110 oare flechtlingen. De gemeente Súdwest-Fryslân is ferantwurdlik foar it ûnderwiis foar de flechtlingen.

Ferdieling

Der binne ek bern fan it azc yn Snits dy't les krije. Dat bart op de Master Amiko-skoalle. De gemeente besjocht mei dy skoalle nei in ferdieling fan de bern út Heech en Snits oer beide gebouwen.