Walrus Freya ferruilet Fryslân (tydlik?) foar Den Helder

De walrus Freya hat - yn alle gefallen tydlik - Fryslân ferlitten. Se is opdûkt op in ôfskerme marineterrein by Den Helder.
De walrus op Skylge © CAMJO media
Op 20 septimber waard de walrus sjoen by Skiermûntseach. Dat wie foar it earst yn 23 jier dat in walrus yn Nederlân sjoen waard. Letter kaam se mear as ien kear nei de haven fan Harns.
Ferline wike waard de walrus foar it lêst sjoen yn Fryslân, op Skylge. Doe krige se de namme Freya.
It bist in namme jaan, kin helpe, seit Sander van Dijk fan Zeehondencentrum Pieterburen. "Het wordt gemakkelijker om met het dier om te gaan. In Ierland werkte dat ook, toen daar onlangs een walrus werd gezien. Toen die een naam kreeg, kwam de boodschap dat hij rust moest hebben ook beter aan."
No is se dus yn Den Helder, op in marineterrein dat net foar publyk tagonklik is. Se wurdt yn de gaten holden troch de ynstânsjes, mar fierder ek gewurde litten.

Nijsgjirrich wat no komt

De rûte fan Freya giet, mei wat útsûnderingen, hieltyd fierder nei it westen. Se folget dat patroan no, seit Van Dijk. "Een aantal dagen buiten beeld, misschien om te foerageren, en daarna weer opduiken in een westelijk gaand patroon."
It is nijsgjirrich om te sjen wat Freya no dwaan sil, no't se de Waadsee ferlitten hat. Want mocht se benammen goed iten fine kinne yn de Waadsee, dan soe it ek noch sa wêze kinne dat se just werom komt.

Opmerklik

Dat in walrus yn Nederlân sjoen is, is opmerklik. Der binne ferskate populaasjes fan walrussen op de wrâld, bygelyks boppe Skandinavië en by Grienlân. Yn de praktyk ferlitte walrussen it poalgebiet noait. Se kinne wol lange ôfstannen swimme.