'Rôze Sneon draacht by oan akseptaasje LHBTIQ+'ers'

It fieren fan Rôze Sneon hat bydroegen oan de akseptaasje fan de LHBTIQ+-mienskip yn ús provinsje. Dêrfan is Sipke Jan Bousema oertsjûge. "Oeral hong de flagge."
Sipke Jan Bousema © ANP
Bousema hat him de lêste jierren bot ynset foar Fryslân as reinbôgeprovinsje. Hy wurke dit wykein ek mei oan de live-útstjoering fan Omrop Fryslân. "Yn dy útstjoering ha we allegear petearen hân mei minsken. Guon petearen hienen we regele, mar in hiel soad minsken kamen sa oanwaaien."

Frij uterje

Dy petearen ha yndruk makke op Bousema. "It wienen sokke earlike petearen oer minsken har libben, oer wa't se binne, hoe't it sit mei har seksuele foarkar, identiteit, de syktocht dy't se hân ha. It feit dat se dêr no in plak foar fûn ha en dat se bliid binne mei wa't se binne, dat se dat frij uterje meie, dat is prachtich."
It hat de Fryske rainbow warrior in goed gefoel jûn. "We stienen ek even op it poadium doe't de grutte Fryske reinbôgeflagge oer it publyk hinne gong. Alle minsken wienen oan it dûnsjen. Dat hie ek wat bysûnders. De minsken, de gesichten, it ferskaat. It moaie dat it hjir is."
De kampanje om safolle mooglik reinbôgeflaggen te ha yn Fryslân, hat effekt hân, sjocht Bousema. "We ha bot dwaande west mei de reinbôgeflaggen, de Fryske reinbôgeflaggen, de progressflaggen. Ik sjoch dat hieltyd mear minsken dy sjen litte."
Ik krij der sels ek altyd in waarm gefoel fan.
Sipke Jan Bousema as er in reinbôgeflagge sjocht
De ôfrûne wike hongen de ferskate farianten fan de reinbôgeflagge op in soad plakken yn de provinsje. "Gemeentehûzen, plysjeburo's, ynstellingen en ek by hûzen. Ik wit hoe wichtich oft it is foar de reinbôgecommunity, de LHBTIQ+'ers, mar ek foar de famyljeleden, freonen en kollega's. Ik krij der sels ek altyd in waarm gefoel fan."
Pride yn Ljouwert ôfrûne wykein © ANP
Nei skatting wienen der sa'n 35.000 minsken yn Ljouwert. "Minsken út hiel Fryslân en fan fier dêrbûten binne minsken nei Ljouwert ta kaam om de leafde te fieren. De leafde yn al syn ferskaat. Ik seach allegear minsken dy't bliid wienen. Minsken fan alle leeftiden, fan allegear ferskate achtergrûnen ek. It kaam allegear byelkoar op ien dei, dat hat wat hiel spesjaals, wat magysks."
Besjoch in gearfetting fan Rôze Sneon yn Ljouwert:
De hiele útstjoering fan Omrop Fryslân oer Rôze Sneon sjen? Dat kin hjir.
Bousema wol graach yn petear bliuwe mei minsken dy't minder fier binne mei de akseptaasje. "Yn de kranten ha we ek wol lêzen dat der oars oer tocht wurdt. Mar dat petear wolle we graach ha."
Dat petear wurdt al fierd, seit er. "In foarbyld is Tineke Admiraal dy't mei de sportklups dwaande is, en Lenie Lap is mei de kristlike organisaasjes yn petear. We begripe wol dat it net foar elkenien fanselssprekkend is. Mar it is wol goed om nei elkoar te lústerjen."

Alle jierren Coming Out Day en Pride

Oft Rôze Sneon werom komt yn Fryslân, is net oan Bousema. "Mar we ha alle jierren yn alle gefallen Coming Out Day op 11 oktober. En yntusken ha we yn Ljouwert ek alle jierren Pride. Dat is in moai momint om gear te kommen, feest te fieren en it kleurrike tema op de kaart te setten."