Marijke Meu en har keningshuzen tenei yn tegels ferivige

De byltnis fan Marijke Meu sil fan no ôf net mear ôfbledderje. Yn Ljouwert is sneon offisjeel it tegeltablo ûntbleate dat de muorreskildering fan de 'monarchmem' ferfangt. Keninklike Tichelaar hat der 2.160 tegels foar meitsje moatten.
It tegeltablo oan it Aldehoustertsjerkhôf is offisjeel ûntbleate:
Grut is it portret fan Maria Louise van Hessen-Kassel (1688-1765) te sjen, de regintes dy't yn Ljouwert de bynamme Marijke Meu krige. Dêrûnder binne al har relaasjes mei de hjoeddeiske keningshuzen te sjen: in soad keningen en keninginnen fan hjoed-de-dei stamje fan Maria Louise ôf. Sa ek kening Willem-Alexander.

Selfie mei Maria Louise

Yn 2015 wie der yn it ramt fan it Maria Louise-jier in muorreskildering op de muorre fan de brassery oanbrocht. Dat wie in grutte publykslûker, in soad minsken makken der foto's fan. Mar yn de rin fan de jierren bleddere de skildering ôf. It tegeltablo moat it langer folhâlde. It is produsearre troch Keninklike Tichelaar yn Makkum en ûntwurpen troch Michaël Snitker.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat it tablo ûntbleate.
It tablo is mei mooglik makke troch stipe fan de gemeente Ljouwert, FB Oranjewoud, it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân, Keramykmuseum Princessehof, Stichting Nassau & Friesland, Ottema-Kingma Stichting, Stichting Van Achterbergh-Domhof, Boelstra Olivier Stichting en it Herbert Duintjer Fonds.