Plysje siket tsjûgen fan mishanneling by kariljon yn Drachten

De plysje fan East-Fryslân siket tsjûgen fan in mishanneling dy't ferline wike yn Drachten wie. Op 9 oktober is yn de nacht fan freed op sneon in persoan mishannele. Dat barde by it kariljon, midden yn it sintrum.
© Omrop Fryslân
It slachtoffer hat klappen en skoppen krigen fan ien of meardere minsken. Troch de mishanneling is it slachtoffer ferwûne rekke yn it gesicht.
It barde om 01.30 oere hinne. De plysje siket tsjûgen en freget minsken dy't wat sjoen hawwe om har te melden.