Rôze Sneon yn Ljouwert: "Dit is de dei fan de leafde"

Ljouwert stiet sneon de hiele dei yn it ramt fan Rôze Sneon: op dizze dei is der op allerhanne wizen omtinken foar bewustwurding en akseptaasje fan seksueel- en genderferskaat. In grutte publykslûker is de boateparade, mar ek op it Saailân en op oare plakken yn de stêd is fan alles te belibjen.
De boateparade fan Rôze Sneon:
"Het is geweldig, het wordt steeds drukker", seit programmakoördinator Eva van Netten sneontemiddei oer Pride Leeuwarden. "Er zijn veel mensen van verschillende leeftijden, de botenparade is een vrolijke aangelegenheid. Ik zie mensen met veel kleuren en vlaggen."
It wie noch wol spannend oft it trochgean soe, seit sy. "Vanwege corona was het al drie keer uitgesteld. Pas bij de laatste persconferentie hoorden we dat het kon, toen moesten we alles nog snel organiseren."
Ferslachjouwer Onno Falkena op Pride Leeuwarden yn petear mei Eva van Netten
Dochs bliuwt it ek in aktivistyske dei. "Vandaag is een groot feest om te vieren wie we zijn, de verschillen en overeenkomsten. Maar we staan ook stil bij dat de rechten nog niet voor iedereen helemaal gelijk zijn.
Van Netten is der grutsk op dat it evenemint no yn Ljouwert is. "Dat is heel bijzonder, daar ben ik trots op. In Fryslân is echt nog wel wat te behalen op het gebied van rechten voor queer mensen, de zichtbaarheid en het verenigen van de community."
Sneon 16 oktober stiet Ljouwert yn it ramt fan Roze Zaterdag. Mei in tsjerketsjinst, in boateparade, in gigantyske reinbôgeflagge oer De Harmonie en in grut poadium op it Saailân wurdt stilstien by bewustwurding en akseptaasje fan seksueel- en genderferskaat.
Yn oanrin nei Rôze Sneon makket Omrop Fryslân ferskate reportaazjes fan Friezen dy't mei dizze tematyk te krijen hawwe. En sneon 16 oktober binne alle festiviteiten de hiele dei te folgjen op de radio en yn in livestream op de webside fan Omrop Fryslân tusken 11.00 en 13.30 oere.
"Der barre sneon prachtige dingen. Dizze dei is foar my hiel spesjaal", seit Sipke Jan Bousema. "It is foar de earste kear dat wy sa grut Rôze Sneon fiere: dit is de dei fan de leafde."
Der is - aldergeloks - in soad feroare yn de ôfrûne jierren, seit Bousema. "Sa'n fjirtich jier lyn wie der hjir in demonstraasje dy't troch de ME útinoar slein is. Der mocht net in krâns mei in rôze lint yn de Prinsetún lizze. No wurde wy droegen troch de oerheid en de plysje, der is omtinken yn de media. Ik bin bliid dat ik hân yn hân rinne kin mei myn freon yn Fryslân."
Sipke Jan Bousema seach moarns betiid foarút op Rôze Sneon
De leafde is part fan it libben en dat meie je sjen litte, sa fynt Bousema. "As je dat weromsjogge, dan tinke je: wat is der dochs wat bard. It is in stik skiednis fan Fryslân, lykas Rôze Sneon in stik skiednis fan Fryslân wurde sil."