Transformatorhúskes yn Dokkum en Kollum soargje foar 'ferhege spanning' by omwenners
De fernuvering is grut, sûnder iennige foarm fan kommunikaasje wurde transformatorhúskes pleatst yn de regio Noardeast-Fryslân. Ynwenners fan Dokkum en Kollum binne lilk en begripe der hielendal neat fan.

Theo Lei út Kollum, dy't sûnt koart as buorman in transformatorhúske hat, is dúdlik: "Ik ha it ek al in pear kear meld by de gemeente, wy ha echt 0.0, noch minder as 0.0 ynformaasje fan de gemeente (of Liander, red.) krigen."
Tritich transformatorhúskes
Oan de Ermeline yn Kollum waard trije wiken ferlyn út it neat wei in transformatorhúske pleatst, 90 sintimeter fan de erfgrins fan Lei. "Wy hawwe moandei oan tafel sitten mei de wethâlder, in oantal minsken fan Liander en twa amtners, mar we witte noch hieltyd net wa't watfoar ynformaasje ferstrekke moatten hie."
Wol waard foar Lei dúdlik dat der yn totaal tritich transformatorhúskes ferspraat oer de gemeente Noardeast-Fryslân pleatst wurde sille. "No, as dat eltse kear op dizze wize bart, dan kinne we hjir noch wol wat belibje."
De transformatorhúskes binne neffens Liander nedich foar it ferbetterjen fan it elektrisiteitsnet. Troch de gruttere fraach, mar bygelyks ek troch it weromleverjen fan elektrisiteit fan sinnepanielen kin it besteande net it lang net mear oan.
Gjin fergunning nedich
De transformatorhúskes kinne sûnder fergunning pleatst wurde. Wol jout Liander yn in skriftlike reaksje oan dat it foar harren tige wichtich is, om de omjouwing pro-aktyf mei te nimmen yn nut en needsaak fan dizze húskes. Hjir ha Liander en de gemeente in mienskiplike ferantwurdlikheid yn.
"Samen met de gemeente zoeken we naar een geschikte locatie voor deze transformatorhuisjes. Het gaat hier om lastige keuzes tussen draagvlak, haalbaarheid, beschikbare ruimte, overlast, kosten en tijd. Daar komt nog bij dat die elektriciteitshuisjes binnen een bepaalde straal van het verbruik geplaatst moeten worden. Er is geen vergunningsplicht voor deze transformatorhuisjes", lit in wurdfierder witte.

Ek yn Dokkum, flakby de Wylster, is njonken in boarterstún yntusken in transformatorhúske pleatst. Foarsitter Romke Hoekstra fan de wykried Fûgellân is lilk. "Dit liket dochs nearne op. Wy moatte hjirfan dochs op 'e hichte brocht wurde as wykried? Ik ha mei Liander belle, mei de gemeente belle, ik ha oeral mei belle. Mar it iennige wat je te hearren krije, is: 'Ja, it kin allegear fergunningsleas en jim kinne der totaal neat tsjinyn bringe'."
Oare mooglikheden
Neffens sawol Lei as Hoekstra hiene der wol oare mooglikheden west. Yn Kollum hie it transformatorhúske wol in tal meters nei efteren of foaren kinnen, sadat Lei en syn húshâlding der folle minder lêst fan hân hiene. Hoekstra hie, as hy dit wat earder witten hie, ek noch wol in geskikte lokaasje witten. "Dan hie net ien deroer stroffele."
De gemeente Noardeast-Fryslân is ek frege om in reaksje. Sy sille tongersdei mei in reaksje komme. Liander liet noch witte dat troch it ferhastigjen fan de enerzjytransysje it foar harren ek in nije situaasje is. "En dêr giet net altyd alles goed."
Net oeral binne se bliid mei de nije transformatorhúskes: