Geheim rapport foarsjocht problemen mei fargeul Holwert oan See

De nije fargeul nei Holwert sil permanint opnij tichtslykje. Holwert fan see ôf goed berikber hâlden wurdt dêrom in djoere saak. Dat stiet yn in útlekt advys dat yngenieursburo's Arcadis, Waterproof en Daltares makke hawwe op fersyk fan de projektgroep Holwert oan See.
Problemen ferwachte by Holwert oan See:
In grut projekt lykas Holwert oan See wurdt yn Nederlân altyd foarôfgien troch in serieuze stúdzje nei de helberheid, de kosten en de risiko's. Yn it ûndersyk foar de projektgroep Holwert oan See steane in soad krityske fraachtekens.
In nije fargeul nei it doarp Holwert komt by it wantij te lizzen. Dat is it plak yn de Waadsee dêr't wetterstreamingen út de Noardsee wei om it eilân It Amelân hinne byinoar komme. Op it wantij stiet de minste streaming en in geul dêr sil dan ek gau tichtslykje. It doarp oer it wetter berikber hâlde kin dêrtroch wolris in toer wurde.

"Technysk útfierber"

De stjoergroep Holwert oan See, ûnder lieding fan deputearre Klaas Fokkinga, wol no 'ferbetterpunten' trochfiere yn de plannen. Fokkinga sjocht sels noch hieltyd goede mooglikheden foar it projekt. "It is technysk útfierber, mar de plannen moatte wol oanpast wurde."
Deputearre Klaas Fokkinga oer it geheime rapport
De stjoergroep bestiet njonken de provinsje Fryslân út de Stichting Holwerd aan Zee, Wetterskip Fryslân, de fûgelbeskerming, de gemeente Noardeast-Fryslân, de LTO en Rykswettersteat. Al dy organisaasjes hawwe neffens Fokkinga noch hieltyd de yntinsje om Holwert oan See te realisearjen.

ChristenUnie skrokken

De steatefraksje fan de ChristenUnie is skrokken fan it noch geheime rapport fan de trije yngenieurburo's. Fraksjefoarsitter Wiebo de Vries pleitet foar in 'iepen petear' oer de helberheid fan de ambysjes fan Holwert oan See. "Dit rapport is wol sa kritysk, dat ek wy fine dat we krityske fragen stelle moatte." It giet dêrby benammen oer de kosten fan it projekt op langere termyn.
Wiebo de Vries (ChristenUnie) oer it krityske rapport oer Holwert oan See
© Provinsje Fryslân
De Vries fynt it ek opmerklik dat it al in jier lyn is dat Provinsjale Steaten foar it lêst ynformaasje krigen oer Holwert oan See. "Dat is wol lang foar sa'n majeur projekt. Ik wurd leaver faker ynformearre oer de stân fan saken."
Provinsjale Steaten soene yn maart 2022 wer oer Holwert oan See prate, mar as it oan De Vries leit, bart dat al earder.