Koarnwertersân klear mei oerlêst dykwurk en toeristen: "Gjin twadde Volendam wurde"

Wenje op in dyk: it hat sa syn foar-, mar ek syn neidielen. Fan dy neidielen hawwe de ynwenners fan Koarnwertersân behoarlik lêst op stuit. Wichtichste problemen binne de beammen dy't mooglik ferdwine moatte, de oerlêst fan it wyldskiten en -pisjen troch toeristen en de kreakynstallaasje by it doarp.
Ynwenners Koarnwertersân binne klear mei skitende Dútske toeristen:
Dat de werynrjochting en fernijing fan de dyk oerlêst mei him meibringt, dat sit de ynwenners noch net iens sa dwers. Der moat no ienkear wat dien wurde oan de wetterkearing. "Mar dat der net nei ús heard wurdt, dat stekt ús wol", seit foarsitter Henderica Dijk fan it doarpsbelang.

Frustraasjes

Frustraasjes groeie no't Rykswettersteat fan alles oan de dyk feroaret. Sa as bygelyks de beammen oan de eastkant fan it doarp. Dy soenen ferdwine moatte om't se der oars net by kinne foar ûnderhâld oan de dyk. "Onzin", seit buertbewenner Frans Houtman. "Ze kunnen er prima bij met een ponton, het is daar namelijk niet ondiep."

Lûdsoerlêst

De kreakynstallaasje by Koarnwertersân soarget derfoar dat de basaltblokken dy't oanlein wurde by de Ofslútdyk opnij brûkt wurde kinne. De stiennen wurde fergruze. "Naast de geluidsoverlast hebben we er zóveel fijnstof van, dat we twee keer per week de ramen kunnen lappen", fertelt Houtman. De ynwenners twivelje deroan oft sa'n apparaat sa flakby bewenne gebiet wol tastien is.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Der spylje ek noch oare ynfrastruktrele swierrichheden. Sa as de lege wetterdruk. Ofrûne simmer hie it Kazemattenmuseum dêr bot lêst fan. Ek oer de tanimmende fraach nei elektrisiteit ha de ynwenners noed.
"Der is te min kapasiteit op it net. Wy binne benaud dat hjir in enoarme generator foar ús hiem komt te stean. Dat wolle wy net ha mei ús beskerme doarpsgesicht", leit Dijk út.

Parkearjen

Sels op samar in woansdei yn oktober is it drok op Koarnwertersân mei tsientallen Dútske toeristen. De measten fine it net slim om de auto 400 meter fan it Kazemattenmuseum te parkearjen, oaren sykje wol in plakje foar de huzen fan de Koarnwertersâners.
"Toeristen rinne bytiden efter ús huzen del. Toeristen binne hjir wolkom, mar wy hoege gjin twadde Volendam te wurden", seit Dijk. De toeristen gean by hege need ek gauris de boskjes yn. "Ik bin wolris traktearre op in moai, bleat achterwurk fan minsken. Dêr sit ik net op te wachtsjen."
Houtman: "Dat stekt ús wol, wy soenen eins strangere regels ha wolle. Wy meie sels ús auto's ek net foar de huzen delsette. De dyk moat frijbliuwe foar Rykswettersteat."

Petear

Doarpsbelang Koarnwertersân sil ynkoarten mei de gemeente Súdwest-Fryslân om tafel om te praten oer de oerlêst.