Nije Bibel komt út: "Makliker om te lêzen"

It is in belangrike dei yn de tsjerklike wrâld: de nije Bibeloersetting komt út. De kening krijt de earste Bibel offisjeel útrikt, mar Anjo Bakker fan de Evangelische Boekwinkel yn Drachten hat him ek al yn 'e hannen hân. "It lêst hiel noflik."
De nije Bibel © NBV21
De nije oersetting is der yn ferskate farianten, seit Bakker. "Je kinne folop kieze. De standertútfiering is wyt mei griis. Mar der is ek in swarten ien, yn linnen. Dy is moai kompakt. En dan ek noch in lúkse útfiering mei tommegrepen, sadat je hiel maklik ferskillende Bibelboeken werom fine kinne."

Haadletters werom

De nije ferzje is dúdlik oars as de âlde. "Hy is op 12.000 punten oanpast", fertelt Bakker. "Sa'n tritich prosint fan de ferzen ha se oanpast. It wurdt makliker om te lêzen."
Ien opfallende feroaring: alle ferwizingen nei God, Jezus en de Hillige Geast krije wer in haadletter. Dat wie eartiids sa, mar by de foarige ferzje net mear. "Minsken woenen it no wol wer graach werom ha. Ik fyn it ek moai dat de haadletters werom binne. It makket dúdlik wannear't er oansprutsen wurdt en wannear't er sprekt."

Belangstelling

It is de bedoeling dat dizze nije ferzje wer tweintich jier meigiet. Bakker hopet dat boekwinkels goede saken dogge mei de nije Bibel. "Der is al aardich belangstelling foar yn alle gefallen. De earste minsken helje him hjoed op en ik ha al fan aardich wat minsken heard dy't him graach ynsjen wolle."