Justysje easket straffen tsjin swimynstrukteurs fanwegen ferdronken jonkje

It Iepenbier Ministearje hat de strafeasken útsprutsen tsjin twa swimynstrukteurs fan swimbad Ny Sudersé op De Lemmer. De eask tsjin in manlike fertochte is 240 oeren wurkstraf of 120 dagen sel. Tsjin in froulike fertochte is 180 oeren wurkstraf of 90 dagen sel easke. Justysje komt mei de straffen fanwegen harren belutsenens by it ferdrinken fan de 11-jierrige Adonay út Balk.
Straffen easke tsjin swimynstrukteurs:
De offisier fan justysje fynt dat in straf op syn plak is. "De verdachten hebben in hun leven duizenden mensen zwemles gegeven. Dat bleek geen garantie op veiligheid te zijn. De verdachten hadden anders kunnen handelen en moeten handelen. Zelfs het minimale dat verdachten konden doen, hebben ze nagelaten. Namelijk het tellen van de kinderen."
De strafeask fan de froulike fertochte falt leger út fanwege persoanlike omstannichheden fan de frou, dêr't it Iepenbier Ministearje rekken mei hâlden hat.

Strafrjochtlike ferantwurdlikheid

Neffens Tjalling van der Goot, advokaat fan de manlike fertochte, is der gjin inkelde diskusje oer de earnst fan it feit, mar hy kin him net fine yn de skuldfraach fan de offisier fan justysje. It jonkje soe goed útlis krigen ha fan de swimynstrukteurs. Hy pleitet dêrom foar frijspraak.
"Myn miening is dat it Iepenbier Ministearje myn kliïnt wat ferwyt dat feitlik net fêststeld wurde kin. En datjinge wat wol fêststeld wurde kin, is net sa fout dat it strafrjochtlike ferantwurdlikheid foar myn kliïnt opleveret."
Advokaat Tjalling van der Goot leit syn juridysk stânpunt út:
Mariska Pekkeriet, de advokaat fan de froulike fertochte lit witte: "Op hoofdlijnen ben ik het met Tjalling van der Goot eens als het gaat om de manier van het toezicht die middag en de onduidelijkheid over het moment van overlijden. De inhoud van de beschuldiging maakt dat er geen causaal verband kan worden aangetoond tussen de verwijten en het overlijden. Dit is een juridisch standpunt. Voorop blijft uiteraard staan dat het een enorm trieste zaak is en voor de nabestaanden een groot verlies."
Adonay mei syn mem © Eigen foto

Earste swimles

It wie op tongersdei 6 febrewaris de earste swimles fan Adonay Berhe út Eritreä. Hy siet yn in groep bern dy't allegear har earste les hienen. It swimbad fersoarget 'gewenningslessen' foar bern fan basisskoalle De Cocon, sadat se yn de kunde komme kinne mei wetter.
Mem Merhawit Kidant woe graach by de swimles wêze, mar dat mocht net fan de skoalle. "Ik heb aangegeven dat Adonay niet kon zwemmen", fertelde se yn de rjochtbank. "Ik heb gevraagd of ik er niet bij mocht zijn. Dat mocht niet. Ik heb toen meerdere keren gevraagd, wilt u dan alstublieft opletten?"
Letter op de middei waard bekend dat Adonay in skoft ûnder wetter west hat en reanimearre is. Kidant is doe nei it swimbad ta brocht. "Ik kon niet geloven wat ik zag. Ik raakte volledig de controle over mijn lichaam kwijt. Ik zag en voelde dat er geen leven meer in hem zat."
Tot op de dag van vandaag kan ik er niet van slapen.
Mem Merhawit Kidant
Kidant wie earder yn Nederlân as har soan. Se hie him dus earder al in skoft misse moatten. "Toen kreeg ik hem terug, maar gebeurde dit. Het is heel erg pijnlijk dat ik hem nu voor eeuwig moet missen. Tot op de dag van vandaag kan ik er niet van slapen."
De fertochten fine dat har neat te ferwiten falt. It hat djippe yndruk makke, fertelt de froulike fertochte. "Niets is meer hetzelfde."

Drokke les

De manlike fertochte omskriuwt de gaoatyske situaasje op de dei. "Het was een drukke les. De kinderen waren druk, wilden graag het water in. Hij is aan onze aandacht ontsnapt."
De rjochter docht op 9 novimber útspraak.