Alex Bangura: "Ik droom ervan om ooit bij Chelsea te spelen"
Alex Bangura is oant no ta de revelaasje by SC Cambuur. De linkerferdigener dreamt yn de SportCast hurdop oer syn takomst. "Ik droom ervan om bij Chelsea te voetballen. Vroeger was ik een enorme fan van Didier Drogba. Ik vond hem echt geweldig. Zo is de liefde voor Chelsea ontstaan."
Fan linksbûten nei linksback
Bangura spile yn de jeugd by Feyenoord as linksbûten, mar hat úteinlik sels de kar makke om foar de posysje fan linkerferdigener te gean.
"Ik was in de jeugd geen speler die een individuele actie in huis had. Ik heb geen "schaartje", maar moest het vooral hebben van mijn snelheid. Op een gegeven moment speelde ik niet meer en moest ik Feyenoord verlaten. Dat was echt een shock. Ik voel me een echte Rotterdammer. Ik woon op vijf minuten van de Kuip.
Ik dacht van Friesland, daar zijn alleen maar boerderijen en weilanden
Andor Faber: "Ferline jier wie er noch twadde linksback achter David Sambissa. Hy hat him as in komeet ûntwikkele. Sambissa moast dochs wat en hy rjochtet him no mar op de posysje linksbûten. Ik fyn it knap dat er yn de earedivyzje oerein bliuwt."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De oerstap nei Cambuur
Doe't by Feyenoord gjin takomst mear wie en Cambuur op 'e stoepe stie, moast Bangura dêr wol efkes oer neitinke.
"Ik dacht van Friesland, daar zijn alleen maar boerderijen en weilanden. En dan moet ik straks Fries praten. Dat is echt niks voor mij." Tsjin Fortuna Sittard is Bangura skorst nei de twa giele kaarten tsjin AZ, mar de wike dêrnei tsjin Feyenoord is er der wer by.