Persoan omkaam by ferkearsûngelok op rotonde Snits, ek trije ferwûnen

By in ferkearsûngelok oan de súdkant fan Snits is snein ien persoan om it libben kaam. Trije oaren binne ferwûne rekke en nei it sikehûs ta brocht.
De plysje by it ferkearsûngelok bûten Snits © Noordernieuws
It ûngelok mei twa auto's barde op de Lemmerweg (N354), by de rotonde mei de Sudergoweg. Ien auto stie nei it ûngelok midden op de rotonde.
De plysje hat lang ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok. "We doen ter plekke sporenonderzoek en praten met betrokkenen", sei in wurdfierder tsjin it ANP. De dyk hat in skoft ticht west.