Famylje Ten Hoeve draacht de niersykte fan Johan mei elkoar

Hoe kinne je as húshâlding de sykte fan in siik famyljelid mei elkoar drage? De famylje Ten Hoeve fan De Jouwer stiet al goed 20 jier om de 37-jierrige Johan hinne, dy't in nieroandwaning hat.
Johan ten Hoeve © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Syn mem skonk in nier yn 2007, no stiet syn heit yn de startblokken om in nier te jaan. Mar ek Johan syn broer en sus binne ree om in nier ôf te stean as dat yn de takomst nedich is.

Nefrotisch Syndroom

De earste sinjalen fan syn sykte krige Johan ten Hoeve al yn syn puberteit, mar op syn 18e luts er oan de bel, doe't er seach dat syn skonken focht fêsthâlden. De húsdokter stjoerde him gau troch nei it sikehûs. It die bliken dat hy it 'Nefrotisch Syndroom' hat: de filters fan de nieren funksjonearje net goed en soargje derfoar dat aaiwiten út it bloed yn de urine terjochte komme. "Myn nieren meitsje harsels stikken."
Johan ten Hoeve & Paulien Broekhuizen © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Johan syn libben stie ynienen yn it teken fan syn sûnens. "Dêr hast nea oer neitocht en ynienen stiet it op de foargrûn." En wylst Johan dwaande wie mei it dialysearjen fan syn nieren, dienen syn heit en mem medyske ûndersiken om te sjen wa fan beiden in nier ôfstean kinne soe. "Wy hienen beide de juste bloedgroep", fertelt Gerrie ten Hoeve. "Mar om't myn man kostwinner wie, like it ús better dat ik it dwaan soe en eintsjebeslút die út de ûndersiken bliken dat ik dat ek it bêste dwaan kinne soe."

Wat fan it libben meitsje

Johan kin syn libben nei de niertransplantaasje rillegau wer oppakke en ek syn dreamen neijeie. "Myn sykte hat my al op jonge leeftiid bewust makke om wat fan it libben te meitsjen. Us heit is klokkemakker op De Jouwer. Sels hie ik in grutte dream om nei Ingelân te gean om de stúdzje 'Clocks Conservation and Restoration' oan it Ingelske West Dean College te folgjen."
Jacob & Gerrie ten Hoeve © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
No hast 15 jier letter is syn donornier op de ein. De famylje Ten Hoeve en ek freondinne Paulien Broekhuizen gean op 'e nij mei-inoar yn famyljeberied. En dizze kear is it Johan syn heit dy't op termyn in nier ôfstean sil. It is noch net bekend wannear't de niertransplantaasje krekt plafkine sil, mar de rûzing is binnen in heal jier.
Ik bin hiel tankber dat myn famylje, mar ek myn freondinne en freonen om my hinne stean.
Johan ten Hoeve
"Wy hienen ôfpraat binnen ús gesin, dat as de nier fan Gerrie der mei ophâlde soe, dat dan ien fan ús it dwaan soe", fertelt heit Jacob ten Hoeve. "Wy hawwe noch twa bern, in dochter en in soan, mei deselde bloedgroep."
De famylje draacht de sykte fan Johan op dy wize mei elkoar. "Ik bin hiel tankber dat myn famylje, mar ek myn freondinne en freonen om my hinne stean. Ik besef my dat net altiten, want je gean ek mar gewoan mei yn de flow, mar dat myn famylje dat foar my docht is fansels hiel bysûnder."
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma yn petear mei Johan ten Hoeve en syn famylje
Besjoch ek de FryslânDok 'Dûnsje mei de tiid' dy't programmamakker Murk-Jaap van der Schaaf yn 2015 makke oer hoe't Johan syn namme fêstige yn de Ingelske klokkemakkerswrâld.