A7 fan De Jouwer nei It Hearrenfean ticht troch ûngelok

Troch in ûngelok op de A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean is de dyk tongersdeitejûn ôfsletten. By it ûngelok binne in auto en in frachtwein belutsen.
© Noordernieuws
De A7 is yn de rjochting fan It Hearrenfean folslein ticht foar ferkear. De helptsjinsten binne manmachtich te plak. Der binne yn elts gefal twa slachtoffers mei in ambulânse nei it sikehûs ta brocht.
Hoe't it ûngelok krekt barre koe is noch net dúdlik.