Fryslân as lêste provinsje ek oranje op Europeeske coronakaart

As lêste provinsje yn Nederlân kleuret Fryslân tongersdei ek oranje op de coronakaart fan it ECDC. Oranje is de op ien nei leechste warskôgingskleur.
© ANP
De alve oare provinsjes wienen al oranje en bliuwe dat ek. Fryslân wie oant tongersdei read. It ECDC is de Europeeske sûnenstsjinst, te ferlykjen mei it RIVM. Alle tongersdeis komt de tsjinst yn de rin fan de dei mei in nije kaart.
Njoggen Nederlânske provinsjes wienen op de foarige kaart al oranje. Ferline wike kamen dêr Flevolân en Súd-Hollân by, mar Fryslân bleau noch read. It ECDC sjocht nei it tal én it persintaazje positive tests yn de ôfrûne twa wiken.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne twa wiken krekt wat minder as tûzen minsken posityf test. Dat komt del op 159 gefallen foar elke 100.000 Friezen. Ferlike mei in wike lyn, rûn it tal positive tests mei 23 prosint werom. Dat is de grutste delgong yn hiel Nederlân.

Measte positive tests yn Limburch

Fryslân is no ek net mear de grutste brânkearn fan Nederlân. Dat is Limburch op it stuit: dêr binne sa'n 175 positive tests op 100.000 minsken.
Lannen brûke de kaart fan it ECDC om har belied te bepalen. Doe't Nederlân yn july bygelyks donkerread kleure, wie dat foar Dútslân en Frankryk oanlieding om strangere regels te brûken as Nederlanners de grins oerstekke woenen.