NHL Stenden en RUG winne publykspriis KIJK
NHL Stenden hat mei Ryksuniversiteit Grins in publykspriis wûn. It wittenskiplike tydskrift KIJK rikte de priis út foar it bêste tech-idee.

Undersikers fan de beide skoallen hawwe dy priis wûn mei in ûndersyk nei in wize om oaljefersmoarging oan te pakken. Se hawwe it biomembraam SAVER ûntwikkele, dat makke is fan apelsoer. It ûndersyk krige 3600 stimmen.
Oalje út wetter helje
It membraam hat affiniteit mei oalje en wetter en dêrtroch kin it dy beide skiede. As de poarjen fan it membraam ferstoppe reitsje dan wurdt de oalje folslein ôfbrutsen. Dêrnei bout it membraam himsels suvere wer op.