Koälysje Súdwest-Fryslân is mearderheid kwyt nei opstappen CDA-riedslid

De koälysje yn gemeente Súdwest-Fryslân is de mearderheid kwyt. Dat komt troch it opstappen fan CDA-riedslid Pieter Greidanus. Hy is yn konflikt kaam mei it CDA-bestjoer en hy ferlit syn partij.
© CDA
Neffens Greidanus is der gjin betrouwen mear yn syn persoan as lid en fraksjelid. Dat soe te krijen hawwe mei ferskate ynsichten oer de koers fan de partij yn 'e rjochting fan de gemeenteriedsferkiezingen takom jier. It bestjoer hat neffens Greidanus oanjûn net mear fierder te wollen mei Greidanus.

Foarkarsstimmen

Greidanus bliuwt wol ûnôfhinklik riedslid. Hy nimt syn sit mei en dêrtroch is de koälysje in mearderheid kwyt. "Men mag dit zetelroof noemen, ik zie dit anders omdat ik mijn zetel heb kunnen behalen door voorkeurstemmen bij de laatste verkiezingen", sa skriuwt Greidanus sels.
De koälysje bestiet út CDA, D66, VVD en GrienLinks: it hie 19 fan de 37 sitten.
Greidanus seit dat hy loyaal wêze sil oan de koälysje, mar ek syn eigen karren meitsje sil by foarstellen en beslissingen fan it kolleezje. Greidanus stie by de foarige ferkiezingen ek net op in ferkiesber plak mar kaam mei foarkarstimmen yn de ried.