Steatekomitee biedt petysje oan yn Den Haag foar Frysk yn de rjochtbank

It Steatekomitee Frysk ûnder oanfiering fan CDA-Steatelid Attje Meekma hat woansdei yn Den Haag in petysje oanbean oer it rjocht om Frysk te praten op de rjochtbank én foar in nettere posysje fan de Fryske rjochtbanktolken.
Fryske politisy wiene op besite yn Den Haag:
"Wy fine dat it probleem fan de trije rjochtbanktolken Frysk sa gau mooglik oplost wurdt", seit Meekma oer it doel fan de aksje yn it Keamergebou. It Steatekomitee stapte woansdeitemoarn om healwei achten yn Ljouwert yn de bus foar de reis nei Den Haag.
Twadde Keamerlid Lucille Werner fan it CDA wie de gastfrou fan it Steatekomitee. By de ûntfangst joegen fierder Keamerleden fan D66, GrienLinks, Volt, ChristenUnie, SP, BBB en VVD acte de présence.

Wet korrekt útfiere

Yn har taljochting frege Meekma om it korrekt útfieren fan de Wet Gebruik Friese Taal út 2014. "Yn dy wet stiet ek dat wat yn de rjochtbank yn it Frysk sein wurdt, ek yn dy taal notulearre wurde moat. Foar safier't ik wyt, bart dat noch hieltyd net."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Ferskate Keamerleden seine it Steatekomitee tank foar har komst. "Ook al is het maar kort, het is goed dat jullie hier zijn", sei Lucille Werner. "Nederland heeft maar twee officiële talen, Nederlands en Fries. Op beide moeten we zuinig zijn. Je moet het gewoon kunnen spreken voor de rechtbank", sei Laura Bromet fan GrienLinks.
It Steatekomite Frysk yn Den Haag © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De Fryske Keamerleden wiene der lang net allegearre. "It falt my wol ôf dat Habtamu de Hoop hjir net is", sei FNP'er Sijbe Knol nei ôfrin. "Lutz Jacobi wie der altyd as it nedich wie om yn aksje te kommen foar it Frysk, mar Habtamu is der net en syn partij ek net." Aukje de Vries (VVD) en Romke de Jong (D66) koene der ek net by wêze, mar harren partijen wiene wol fertsjintwurdige.
Ferslachjouwer Onno Falkena gie mei it Steatekomitee mei
Nei in groepsfoto mei de Keamerleden en in bakje kofje koe it Steatekomitee wer oan de weromreis nei it heitelân begjinne. Albert van Dijk (FvD) hat wat mingde gefoelens oer de ekspedysje. "Soks jout my dochs wat it Calimero-gefoel. Frysk prate op de rjochtbank is wichtich, mar it is better as we dat yn Fryslân sels regelje kinne."

Ferfolch

De aksje foar it Frysk foar de rjochtbank krijt as it goed is ek noch in ferfolch. It komitee is ek dwaande om yn gearwurking mei Deputearre Steaten minister Sander Dekker, en mooglik ek syn kollega Grapperhaus, nei Ljouwert te heljen foar in opfiering fan it toanielstik Kneppelfreed fan Pier21. "It hat ús bliken dien dat minister Dekker net hielendal begrypt hoe't it sit mei it Frysk op de rjochtbank. It liket my in moaie kâns om de minister by te spikerjen en ôfspraken te meitsjen om it probleem op te lossen."
Steateleden oer de bliksembesite oan Den Haag
It liket Meekma better om de rjochtbanktolken Frysk út de oanbestegingsproseduere te heljen dêr't it ministearje mei dwaande is. "It giet yn Fryslân om trije tolken. Dat moat sa wol oplost wurde kinne, sûnder dat je earst op sa'n proseduere hoege te wachtsjen."