Garnalefiskers leverje 8.500 bunder fiskgebiet yn op Waadsee

Foar ein dit jier wurdt goed 8.500 bunder oan slinken yn de Waadsee sletten foar de garnalefiskerij. Njoggentjin garnalefiskers hawwe har fergunning opkeapje litten troch it Waddenfonds. Dy betellet dêr 10 miljoen euro foar.
© Sarah Verroen
De garnalefiskers binne yn septimber útbetelle. Se dogge harren wurk mei lytse netten dy't oer de seeboaiem slepe. Dat soarget foar fersteuring fan it boaiemlibben, sizze natuerorganisaasjes.
It giet om in saneamde 'opkeapregeling'. It is ien fan de ôfspraken yn it Convenant Viswad, dat sletten is tusken oerheden, natuerorganisaasjes en de fiskerij. De bedoeling is dat 6,5 persint fan de fiskerijgebieten yn de Waadsee frijwillich sletten wurdt foar de garnalefiskers.

Boaiemlibben

Yn oparbeidzjen mei it ministearje fan LNV en de sektor binne se al sûnt 2014 dwaande mei in plan om de garnalefiskerij yn de Waadsee te beheinen. It natuergebiet is ynternasjonaal beskerme en Unesco Wrâlderfgoed.
Dizze hjerst wurdt it Eierlânske Gat tusken Flylân en Teksel sletten. Troch dat gebiet te sluten, kin it boaiemlibben him dêr wer ûntwikkelje sûnder fersteuring. Dat is wichtich foar it seelibben op it Waad, seit it Waddenfonds.
Garnalefiskers sille ynleverje:

Grutte stap

Neffens Wouter van der Heij fan de Waddenvereniging is it in "hele grote stap" yn de goede rjochting. "Maar we zijn er nog niet. Wij hopen dat we de samenwerking die we nu hebben, ook kunnen voortzetten en dat we de laatste stap ook kunnen zetten."
De ambysje yn it konvenant is om úteinlik 11.000 bunder fiskgebiet te sluten. It is neffens Van der Heij net de bedoeling dat de Waadsee op slot giet foar de garnalefiskerij.
"We willen graag een goede balans tussen gebieden die niet bevist zijn en gebieden die wel bevist blijven. Wij vinden nu dat die balans te veel doorschiet naar visserij. Dat wil niet zeggen dat de helft van de visgebieden dichtgaat. Maar wel dat we met zijn allen gaan werken aan het verminderen van de bijvangst en het uitbreiden van de gebieden die zich natuurlijk mogen ontwikkelen, dus visserijvrij zijn."
Wouter van der Heij fan de Waddenvereniging