Rekkenkeamer oer Thialf: Provinsje hannele te folle mei emoasje

De provinsje Fryslân hat te folle mei emoasje hannele by it ynvestearjen yn Thialf. Dat is de útkomst fan it rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer.
Reedriden yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn it rapport stiet dat de provinsjale beliedsmakkers har by de beslútfoarming oer Thialf steefêst liede lieten troch it argumint dat reedriden goed is foar it imago fan Fryslân, wêrtroch't de fraach oft de ynvestearringen rendabel wêze soenen hast net oan 'e oarder kaam.
As foarbyld wiist de Rekkenkeamer nei de situaasje yn 2013. Yn dy tiid luts de provinsje 50 miljoen euro út foar in ferbouwing fan Thialf, sûnder dêrby genôch te sjen nei de risiko's en de gefolgen op de lange termyn.

Kultuerhistoarysk redenearje

De opfetting wie dat Thialf troch de romme ynvestearring in ultramodern stadion wurde soe. Dêrmei soe it iisstadion oanlokliker wurde as trainingsplak foar topsporters en noch geskikter wêze foar ynternasjonale wedstriden en kampioenskippen.
It kredo 'provinsje fan it reedriden' wie binnen Provinsjale Steaten beskiedend. Boppedat wie de gedachte dat de modernisearring fan Thialf de wurkgelegenheid yn de direkte omjouwing befoarderje soe.

Beslút wie al nommen

Mar fan it momint ôf dat der yn de Provinsjale Steaten oer de ferbouwing fan Thialf praat waard, gong it oer watfoar ferbouwing oft it wurde moast. De Rekkenkeamer stelt fêst dat it 'alom bekend' wie dat it dreech wurde soe om Thialf rendabel te meitsjen.
Nettsjinsteande dy soargen waard al net mear praat oer oft de provinsje yn earste plak wol jild stekke moast yn de ferbouwing fan Thialf. Earst yn it einstadium kamen alle risiko's op tafel, mar doe wie it beslút om te ynvestearjen eins al nommen, seit de Rekkenkeamer.
Thialf draaide de ôfrûne jierren ferliezen en kaam earder dit jier mei it nijs dat rekken holden wurdt mei fallisemint. De provinsje waard yn 2013 mei de ynvestearring de grutste oandielhâlder. Nei tsjinslaggen moast de provinsje ek yn 2018 al jild beskikber meitsje om Thialf net fallyt gean te litten.
© CAMJO media / Jaring Rispens
In diel fan de ferliezen komme troch de sinnepanielen dy't op it dak lizze. De panielen binne mei it isolaasjemateriaal op it dak net feilich, dêrom meie se net oan en krijt Thialf dêr gjin ynkomsten út.

Advizen

Nei oanlieding fan it ûndersyk jout de Rekkenkeamer advizen. It advys foar de provinsje is om by yngewikkelde projekten as Thialf yn de takomst om ekspertise fan eksterne partijen te freegjen. Boppedat moat der in 'specifiek beleidskader' komme foar sokke grutte projekten.
Deputearre Steaten jout oan dat se har grutdiels yn de útkomsten fan it rapport fine kinne, mar it opstellen fan sa'n beleidskader in 'te dwingend keurslijf' fine.