Suzanne Schulting begjint oppermachtich: "Ben weer beter geworden"

Suzanne Schulting is wer oppermachtich. De wrâldkampioene shorttrack liet dit wykein by it begjin fan it seizoen sjen dat se noch altyd hast net te ferslaan is. Schulting wûn alle yndividuele ôfstannen op de Invitation Cup yn it Thialf-stadion op It Hearrenfean.
© Orange Pictures
Sneon pakte Schulting al de oerwinning op de 500 en 1500 meter. Dêr kaam snein de 1000 meter by. "Dat is elke keer weer een lekker gevoel. Ik kan zien dat ik ten opzichte van vorig seizoen weer stappen heb gemaakt. Ik denk dat ik stabieler en constanter ben en ja, daardoor ook beter."
De International Invitation Cup is foar de shorttrackers de earste test yn it nije seizoen. De Nederlânske seleksje nimt it yn Thialf op tsjin bûtenlânske toppers út Italië, Hongarije, Dútslân, België, Frankrijk, Letlân, Tsjechië en Kanada.
Om't de shorttrackers dit toernoai brûke as tarieding op de wrâldbekers, dêr't se harren pleatse kinne foar de Olympyske Spelen fan Beijing, wurdt sa min mooglik risiko nommen wat it coronafirus oanbelanget. Taskôgers binne dêrom net wolkom.
De grutste konkurrinten, lykas de Koreänen, wiene der dit wykein net by. "Dat is het spannendste. Ik weet dat ik zelf goed ben, maar je weet nog niet wat dat je gaat brengen. Het zegt dat ik nu in heel goede doen ben. Ik benader een persoonlijk record dat ik heb gereden tijdens het WK in Dordrecht. En toen was ik in topvorm."
Suzanne Schulting oer har foarm:
De earste wrâldbekers yn Azië binne aanst de earste mominten wêrop Schulting harsels fergelykje kin mei de oare wrâldtoppers. "Daar kijk ik heel erg naar uit. Dit is een mooie start. Zo word ik sterker en dat is gewoon lekker."
500 meter froulju
1 Suzanne Schulting
2 Arianna Fontana (Ita)
3 Martina Valcepina (Ita)
B-finale
1 Rianne de Vries
1000 meter froulju
1 Suzanne Schulting
2 Petra Jaszapati (Hon)
3 Selma Poutsma
4 Rianne de Vries
1500 meter froulju
1 Suzanne Schulting
2 Arianna Fontana (Ita)
3 Xandra Velzeboer
6 Rianne de Vries
Sjinkie Knegt hie in mindere dei. Snein waard er fuortendaliks yn de kwartfinale útskeakele. Hy kaam as twadde oer de finish, mar hy krige in penalty.
"As ien my fertelle kin wêrom't ik dy penalty krij, dan soe dat hiel moai wêze. Mar ik ha gjin idee. Dy Let gong ûnder my troch. Ik tink dat it dêrmei te meitsjen hat. En nee, ik ha net by skiedsrjochter Gjalt Biesma west. Dêr fâlt dochs net mei te kommunisearjen."

Knegt: "Organisaasje is amateuristysk"

Sneon pakte Sjinkie wol brûns op de 1500 meter, mar waard er útskeakele yn de heale finale fan de 500 meter. "Ik bin wol goed dwaande. Mar ik wist ek wol dat de foarm der hjir hjoed net útkomme soe. Ik rin allinnich tsjin wat efterlike flaters oan."
By de 1500 meter finale die it rondeboerd it net. "Sa amateuristysk." En by de lêste ronde klonk de bel foar de lêste ronde net. Dêrtroch ried Knegt de lêste ronde net folslein troch. "It giet wol om in serieuze wedstriid. As se net iens ôftelle kinne, seit it wol wat oer it nivo fan de organisaasje en de skiedsrjochters."
Sjinkie Knegt hopet op wrâldbeker dielnimming:
Takom wike makket Jeroen Otter bekend hokker seis shorttrackers meigeane nei de wrâldbekerwedstriden yn Japan en Sina.
"As ik it in bytsje berekkenje, ha ik wol genôch punten pakt en tink ik dat ik wol goed genôch bin. Mar ik wit net hoe't Jeroen (Otter, red.) dêr oer tinkt. Mar der binne ek in pear dêr't gjin ien rekken mei hâldt, lykas Friso Emons, dy't ynienen twadde wurdt."
500 meter manlju
1 Shaoang Liu (Hon)
2 Melle van 't Wout
3 John-Henry Krueger (Hon)
B-finale
1 Itzhak de Laat
(Sjinkie Knegt en Sven Roes waarden yn de heale finale lêste, Jasper Brunsmann waard yn de kwartfinale útskeakele)
1000 meter manlju
1 Shaolin Liu (Hon)
2 John-Henry Krueger (Hon)
3 Shaoang Liu (Hon)
4 Sven Roes
B-finale
2 Jasper Brunsmann
Itzhak de Laat penalty
(Daan Breeuwsma en Sjinkie kamen net fierder as de kwartfinale)
1500 meter manlju
1 Shaolin Liu (Hon)
2 Friso Emons
3 Sjinkie Knegt
4 Itzhak de Laat
(Daan Breeuwsma, Sven Roes en Jasper Brunsmann waarden yn de kwartfinale útskeakele)
Bûnscoach Jeroen Otter mei seis shorttrackers oanwize dy't meigeane nei de wrâldbekers. Itzhak de Laat en Suzanne Schulting binne dêr al wis fan, lykas Xandra Velzeboer en Selma Poutsma, de oare fiif manlju en trije froulju sille op basis fan de tarieding en harren prestaasjes by dizze Invitation Cup troch in seleksjekommisje oanwiisd wurde.
Bûnscoach Jeroen Otter:
Otter is bliid mei de foarm fan Suzanne Schulting. "Die is een klasse voor haarzelf aan het rijden, dat is wel duidelijk. Die meid is gewoon op en top klaar voor de wereldbekerwedstrijden. Ik hoop dat de rest van de wereld ook klaar voor haar is."

"Knegt kan zich meten met de Sjinkie van voor zijn ongeluk"

Oer Sjinkie Knegt hat Otter wol in oare miening. "Ik had op een aantal plekken wel wat meer van hem verwacht. Slordigheden, te veel bezig met andere dingen dan met zichzelf. Ik heb de laatste weken anders gezien op het ijs."
Dêrmei doelt Otter benammen op rappe tiden en rûntsjes by de trainingen. "Hij zou beter moeten kunnen op dit moment. Ik zie dingen die goed gaan, waardoor hij zich kan meten met de Sjinkie van voor zijn ongeluk. Hij is zelfs op sommige punten beter."