Potmarge yn Buro de Vries: rûnlieding troch de griene long fan Ljouwert

De Potmarge is in bysûnder stikje Ljouwert. De kommende wiken skine we yn it programma Buro de Vries ús ljocht oer it rivierke. Dizze kear rinne wy tegearre mei Peter de Haan troch it gebiet.
Potmarge yn Buro de Vries:
De Potmarge is in soarte fan griene oaze yn de stêd. De gemeente hat Ljouwerters frege om ideeën foar it noch moaier meitsjen fan it gebiet om it rivierke de Potmarge hinne. De skiednis fan it gebiet is al like bysûnder.
© Simone Scheffer
Peter de Haan is in echte Huzumer. Hy is aktyf yn de doarpstsjerke fan Huzum en tige wiis mei 'syn achtertún' , it Potmarge-gebiet.
© Simone Scheffer
De Potmarge leit tusken Huzum en de stêd. Yn Huzum stiet in stânbyld fan De Gardernier. Dy ferwiist nei de skiednis fan de Potmarge. Neffens Peter de Haan heart de Potmarge echt by Huzum.
Ferskûle achter de beammen oan de Potmarge leit Villa Vaartzicht © Simone Scheffer
De Potmarge hat syn oarsprong as ôfwetteringsrivierke rjochting de Middelsee en wie de grins tusken de stêd en it bûtengebiet.
Yn de 17e en de 18e iuw wie it gebiet domein fan rike Ljouwerters dy't dêr harren bûtentunen hiene. Maria Louise van Hessen Kassel (Marijke Meu) de frou fan prins Johan Willem Friso hie dêr ek har saneamde 'lusthof'. Dêr is no neat mear fan oer. Fuotbalfjilden binne no it sicht.
© Simone Scheffer
Wol stiet der noch Villa Vaartzicht. In moai hûs ferskûle achter de beammen en it rivierke. It waard ea boud troch fiere famylje fan de hjoeddeistige boargemaster Buma fan Ljouwert, Bernardus Hopperus Buma. Hy wie filantroop en liet in weeshûs bouwe oan de râne fan de Potmarge. Foar himsels liet er in wenning bouwe om each te hâlden op it tehûs foar weesbern.
© Simone Scheffer
Sa is der ek noch in grut hûs dat ea boud waard yn de Twadde Wrâldoarloch: it Garderniershuis. Boud troch in túnker dy't op in wenboat wenne en mear tafersjoch hawwe woe op de tunen fanwege stellerij fan de griente. It hûs soe nei de oarloch ôfbrutsen wurde, mar glorearret noch altyd mei in moai reidtek.
Keunst yn de Potmarge © Simone Scheffer
Keunst is ek te finen yn de griene long fan Ljouwert. Sa stiet der in grutte skries fan wylgehout en in hiel apart bankje.
© Simone Scheffer
Sa binne der mear pearels yn it gebiet. In drokke rûte fan wenwurkferkear foar fytsers oant kuierders. Mar yn de ferskûle plakjes binne bytiden ek dak- en thúsleazen te finen. Dêroer mear de oare kear.