Panne op fjoer fergetten, flatbewenner It Hearrenfean nei sikehûs brocht

De brânwacht moast sneontenacht yn aksje komme by in flat op It Hearrenfean. In bewenner hie in panne op it fjoer fergetten en dêrtroch ûntstie in protte reek.
© ProNews, Raymon Roersma
De brân op de achtste ferdjipping fan de flat oan de Munt wie om fjouwer oere hinne. De reek gie omheech nei de heger lizzende ferdjippingen en dêrom skaalde de brânwacht op nei 'grutte brân'.
De bewenner fan de wenning dêr't it misgie, hat reek ynademe en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De wenning rûn grutte reek- en wetterskea op.