Welcome to The Village takom jier net mear yn Griene Stjer, mar yn Ljouwerter binnenstêd

It Ljouwerter festival Welcome to The Village sil yn de takomst net mear yn de Griene Stjer holden wurde. Foar takom jier wykt it festival út nei de binnenstêd fan Ljouwert. De organisaasje siket noch nei in plak om it festival yn de jierren dêrnei trochgean te litten.
Argyfbyld fan it festival © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De ôfrûne jierren wie der in protte gedoch oer de lokaasje fan it festival. De stichting Groene Ster Duurzaam wie benaud foar natuerskea en krige gelyk fan de rjochter.

Tydlike oplossing

"Het festival voor een jaar naar de binnenstad verplaatsen betekent zekerheid", seit festivaldirekteur Ruben Bosch. "We gaan iets organiseren dat doorgaat na twee bijzondere jaren, voor onze bezoekers, artiesten, ondernemers, vrijwilligers en onze partners."
It is lykwols net de bedoeling dat Welcome to The Village tenei elts jier yn de binnenstêd holden wurdt. De organisaasje seit noch te sykjen nei in gaadlike lokaasje foar de jierren dêrnei.