Bûtenpost ferliest topper; ek Harkemase Boys en ONS Snits ûnderút

Bûtenpost hat de topper yn de haadklasse mei 1-0 ferlern fan Urk. It wie it duel tusken de nûmers ien en twa fan de kompetysje. Yn deselde klasse ferlear ONS Snits mei 4-3 fan Noordscheschut. Harkemase Boys gie mei 2-4 ûnderút tsjin Barendrecht.
© Orange Pictures
Bûtenpost seach nei noch gjin minút al tsjin in efterstân oan. Hessel Snoek sette de 1-0 foar Urk op it skoareboerd.

Peal foarkomt 1-1

Nei it stoarmeftige begjin kaam Bûtenpost wat better yn de wedstriid, mar grutte kânsen kamen der net. Nei it skoft krige Rob Schokker in goede kâns op de lykmakker, mar de bal woe der net yn.
Krekt foar it ein fan de wedstriid rekke Jorn Jongsma de peal. Sa ferlear Bûtenpost mei 1-0. De ploech stiet no sechsde mei 10 punten.
Trainer Willem Brouwer mei Halbe Elsinga © Orange Pictures
Harkemase Boys stie twadde yn de tredde divyzje. Tsjinstanner Barendrecht is de nûmer 15: op papier wienen de Boys dus favoryt. De wedstriid liet lykwols in oar byld sjen. Barendrecht krige de earste kânsen fia Joey Jongman en Bart Deprez.

Eigen doelpunt Achuna

Ek nei de iepeningsfaze krige Barendrecht kâns nei kâns: in doelpunt koe net útbliuwe. Nei 37 minuten wie it raak. Iloba Achuna feroare in foarset fan Anass Masrhalmi fan rjochting en sa fleach de bal yn it doel: 0-1.
Harkemase Boys kaam oeral te let de earste helte © Orange Pictures
Nei it skoft liet Harkemase Boys karakter sjen. Jhurrey Margaritha sette de ploegen al fluch op likense hichte.

Boys better, Barendrecht skoart

De Harkiten wienen better en krigen dêrnei kânsen op 2-1, mar de goal foel oan de oare kant. Joey Jongman skeat de bal fan grutte ôfstân efter Harkema-keeper Erick Jansema: 1-2.
Henny Bouius makke nei in oere de lykmakker, mar hy stie bûtenspul en dus waard de goal ôfkard. Nei 77 minuten skoarde Niels Vorthoren ek foar Barendrecht en dizze kear telde it doelpunt wol: 1-3.

Harkema no tredde

Yn blessueretiid foelen der noch twa doelpunten. Mark Bruintjes makke der noch 2-3 fan, mar in minút letter wie it troch Peter de Lange ek alwer 2-4.
Troch it ferlies stiet Harkemase Boys no tredde mei 12 punten.
Trainer Jan Piet Bosma oer de wedstriid
Yn de haadklasse spile ONS Snits tsjin it noch puntleaze Noordscheschut. De Snitsers hienen it lykwols dreech. Nei in healoere makke Patrick van der Veen in oertrêding en krige Noordscheschut in strafskop. Dy waard binnensketten: 1-0.

Noch foar it skoft 3-0 foar Noordscheschut

De situaasje waard noch slimmer doe't de ploech út Drinte fuort dêrnei de 2-0 makke. Krekt foar it skoft waard it ek noch 3-0 en sa waard it in dreech ferhaal foar ONS.
Yn de twadde helte die Gerben Visser al fluch wat werom foar de Snitsers, mar nei goed 70 minuten waard it ek alwer 4-1 foar Noordscheschut.

Dochs noch spannend

Yn de slotfaze makke ONS der dochs noch in spannende wedstriid fan. Earst makke Gerben Visser 4-2 en efkes letter waard it fia Jermaine Bregita ek noch 4-3. It waard lykwols net mear 4-4 en sa hâldt ONS gjin punten oer oan dizze wedstriid.
De ploech fan Jan Vlap stiet no sânde mei 9 punten út seis wedstriden.
ONS-coach Jan Vlap oer it ferlies