Ljouwerter hoareka set polsbantsjes yn as tagongsbewiis

Ljouwert set fan saterdei ôf polsbantsjes yn as tagongsbewiis foar de hoareka. De polsbantsjes moatte foarkomme dat der lange rigen by de yngong fan hoarekasaken stean bliuwe.
© ANP
Ljouwert krijt fan dit wykein ôf in sintraal kontrôlesysteem foar QR-koades. Hoarekabesikers kinne fan saterdei ôf in polsbantsje brûke as tagongsbewiis by hoarekasaken.
Ljouwerter hoareka woe oer op dit systeem, om't hoarekabesikers no by elke yngong harren QR-koade op 'e nij sjen litte moatte. Dat soe foar lange rigen soargje. Mei in polsbantsje hoechst dyn QR-koade net mear sjen te litten.

Twa kontrôlepunten

Gemeente Ljouwert hat mei KHN ôfpraat dat der twa kontrôlepunten komme dêr't minsken mei in jildige QR-koade in polsbantsje krije kinne. Op it Waagplein en it Saailân kinst in polsbantsje krije mei in jildige QR-koade en ID-kaart. De bantsjes hawwe elke dei in oare kleur en boppedat stiet der in datum op.
De punten binne foarearst freeds en saterdeis oant alve oere iepen.