Bliuwt lytsskalich toerisme oerein? De Fryske Marren wol ûndersyk

De gemeente De Fryske Marren wol dúdlik ha hoe't de lytse rekreaasjeûndernimmers derfoar stean. Sa moat sjoen wurde wat nedich is om foarsjennings lykas lytse campings te behâlden.
De Lemster gemeentecamping © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Der is eangst dat de lytsere campings it ôflizze moatte tsjin ynvestearders dy't grutte fakânsjeparken bouwe. Ut in ynventarisaasje fan Omrop Fryslân dizze wike kaam nei foaren dat de kommende twa jier yn it súdwesten fan de provinsje hast tûzen fêste seizoensplakken op campings ferdwine.

Roompottisearring

It wie VVD'er Albert van Keimpema dy't de diskusje yn de ried oanswingele. Hy sjocht dat in soad campingbazen har spul ferkeapje oan grutte opkeapers dy't der dan in fillapark fan meitsje, de saneamde 'roompottisering'.
Om de gemeente oantreklik te hâlden foar de rekreant mei de lytse beurs wol Van Keimpema dat de gemeente alle steanplakken dy't ferdwine op in oar plak kompensearret.
Dat gie de rest fan de ried wat te fier. Sy fine lykwols wol dat it goed is om te sjen hoe't it giet mei de lytsere rekreaasjeûndernimmers en campingbazen. As der in goede ynventarisaasje komt, dan kinne de problemen dêr't sy tsjin oanrinne meinaam wurde yn de nije rekreaasjefyzje dy't deroan sit te kommen.
Je wolle foar elke doelgroep in oanbod ha.
Wethâlder Frans Veltman
Wethâlder Frans Veltman fynt dat in goed plan. Hy sjocht de ûntwikkelingen ek. "Wy wolle graach in grut ferskaat oan foarsjennings oanbiede. Wat docht dizze ûntwikkeling dan mei dat ferskaat? Je wolle foar elke doelgroep in oanbod ha."
Dochs tinkt hy dat it mei de 'roompottisering' tafalt yn syn gemeente: "Dat kin ek net binnen de bestimmingen sa't dy der no binne. Dan moat der hiel wat gebeure en komt de gemeenteried ek noch oan set."

'Kwaliteit moat omheech'

"We ha ek sein dat der in ferskaat wêze moat yn it oanbod, mar dat der wol in kwaliteitsslach makke wurde moat. Wat kinne we dwaan op dat mêd? We moatte dat no allegear goed ûnder eagen nimme."