RIVM: 70 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 70 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne fiif minder as tiisdei. Doe waarden 75 nije coronabesmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 76 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 75, in wike lyn op 95.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen opnommen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen woansdei op 1776. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 1.659.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.