Eigeners herberch It Beaken yn Heech wolle 150 flechtlingen opfange

Yn it eardere StayOkay-hostel yn Heech wurde de kommende tiid mooglik asylsikers opfongen. De eigeners fan it gebou hawwe by it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers oanjûn dat se romte hawwe foar op syn meast 150 minsken.
De eardere StayOkay © Omrop Fryslân
De eardere StayOkay wurdt op dit stuit modernisearre ta wetterherberch It Beaken. Dy moat op 1 maaie iepen foar gasten. Oant dy tiid wolle de eigeners ûnderdak jaan oan asylsikers.
"Yn it nijs sjochst dat der in tige grut probleem is mei de opfang", seit eigener Jan IJben. "Dat is op koarte termyn ûntstien. Wy kinne dêr hiel moai op ynspylje. Fansels besiket elkenien yn alle macht wat te dwaan mei sporthallen en evenemintehallen. Hiel goed, fansels. Mar dit biedt krekt wat mear komfort."

Opfange en ferbouwe

De lokaasje yn Heech is kant en klear foar de opfang. "In part fan it terrein hâlde we apart om te ferbouwen. Rûchwei de helte. We kinne dus tagelyk minsken opfange en trochgean mei de ferbouwing."
It doarp is ynformearre mei in brief en op in gearkomste. "De reaksjes wienen hiel posityf", seit IJben. "Minsken stean derfoar iepen."

Meihelpe op it terrein

IJben wurdt by de eventuele opfang holpen troch it COA. "Dy hawwe hjir in soad ûnderfining yn en in hiel programma foar de minsken. Se kinne aktiviteiten mei-organisearje of bygelyks helpe op it terrein. Dêr wurdt drok oer neitocht."
De bedoeling is dat de gemeente begjin takom wike in beslút nimt oer de plannen.