Doelman Hearrenfean wikenlang blessearre troch brutsen tomme

Doelman Erwin Mulder fan sc Hearrenfean hat de tomme brutsen, yn de wedstriid tsjin FC Twente. Hy wurdt dizze wike noch operearre.
Doelman Erwin Mulder nei syn blessuere © Orange Pictures
It is noch net dúdlik hoelang't Mulder net spylje kin. Neffens ferslachjouwer Arjen de Boer fan Omrop Fryslân hâldt sc Hearrenfean rekken mei wiken.
Mulder foel blessearre út yn de wedstriid tsjin FC Twente. Dy wedstriid ferlear Hearrenfean mei 3-2.
De Boer seit dat Hearrenfean in prima ferfanger hat foar Mulder, yn de persoan fan Xavier Mous. Mous spile earder by SC Cambuur.