Earste grutte skûtsjewedstriid sûnt 2019: "It is lang lyn"

Gewoanwei is de Friese Hoek Race op 'e Lemmer de lêste grutte sylmanifestaasje fan it jier mei skûtsjes út de SKS en de IFKS. No is it de earste grutte wedstriid sûnt it seizoen 2019. Dit wykein is it safier.
De Sterke Jerke © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Ien fan de skûtsjes dy't meidocht is Sterke Jerke út Earnewâld. Yn 2019 waarden se kampioen yn de B-klasse, wêrtroch't se no yn de Grutte A farre meie. Yn de IFKS-wike ha se harren noch net mjitte kind oan de tsjinstanners, mar dit wykein krije se wol in foarpriuwke by de Friese Hoek Race.
"Op himsels tinke we dat we der wol klear foar binne", klinkt it foarsichtich út 'e mûle fan skipper Pieter Jilles Tjoelker. "We ha dit jier gelokkich wol wat traine kind. Oan it begjin fan de simmer gongen we der ek noch fan út dat de IFKS trochgean soe."
Dêr gong úteinlik dochs in streek troch. Tjoelker en syn bemanning ha noch wol wat oefenwedstriden syld. "Mar we binne bliid dat we no wer echt in hiel wykein sile kinne."

Krachtsferhâldingen ûnbekend

Yn 2019 koene se yn de Grutte A meifarre mei de Friese Hoek Race, mar dat wie de iennige kear yn dizze klasse. Fan de krachtsferhâldingen no hat Tjoelker gjin idee. "We hoopje dat we yn de top meidwaan kinne, mar mei de top tsien soenen we al hartstikke tefreden wêze." Yn totaal dogge der 21 teams mei op 'e Lemmer.
Gelokkich binne de sponsoaren der ek noch, want de kosten fan it ûnderhâld geane wol troch.
Skipper Pieter Jilles Tjoelker fan de Sterke Jerke
Yn tsjinstelling ta guon oare teams is de situaasje by de Sterke Jerke frij stabyl. Gjin minsken dy't dermei opholden binne en alle sponsoaren binne ek noch oan board. "We ha in frij steady team", seit Tjoelker. "Dêr bin ik hiel bliid mei. En gelokkich binne de sponsoaren der ek noch, want de kosten fan it ûnderhâld geane wol troch."
Guon skippen ha foarich jier hielendal net optúgd west. De Sterke Jerke hat dus sa no en dan noch wat traind. "Oft we dêr profyt fan ha, doar ik net te sizzen. It is foar ús ek lang lyn dat we echt wedstriidsyld ha."