Sport Fryslân: "Meitsje gymnastyk like wichtich as rekkenjen of taal"

De motoaryske ûntwikkeling fan bern rint efterút, seit direkteur Anne Jochem de Vries fan Sport Fryslân. Neffens him moat it fak bewegen like wichtich wurde as rekkenjen of taal.
© ANP
Reedrydcoach Jac Orie lette tiisdei de needklok: de fysike ûntwikkeling fan jonge reedriders nimt bot ôf. De Vries giet noch fierder: dizze ûntwikkeling docht him net allinnich by reedriders foar, mar by alle bern.

Gjin gymnastyk by rein

Ynternasjonaal docht Nederlân it noch geweldich, stelt De Vries. "Mar ast nei it lanlik byld sjochst, wurdt it stadichoan minder."
Neffens De Vries giet der in protte ferkeard: "We bewege minder, we bewege net fariearre genôch en we hawwe meastentiids ek gjin plan om bern alle grûnfoarmen fan bewegen mei te jaan."
"We meitsje it fak bewegen op de basisskoalle net like belangryk as taal en rekkenjen" giet hy fierder. "As it reint giet de gymnastykles efkes net troch."

Minder brutsen bonken

Mei soarchfersekerder De Friesland hat Sport Fryslân in projekt opset, rjochte op de gymnastykles. "Wy hawwe ynset op ferbettering fan de kwaliteit fan de gymnastykles. We koenen sjen dat yn de gemeenten dêr't it projekt rûn, it tal brutsen bonken by bern signifikant nei ûnderen gie", seit De Vries.
Neffens him is it benammen wichtich dat bern leard wurdt hoe wiis se wêze moatte mei harren liif en hoe't se dêrop passe kinne. "Dus goed ite, goed sliepe en goed bewege en dan benammen mei-inoar bewege."
Anne Jochem de Vries oer de motoaryske ûntwikkeling fan bern