Potinsjele ferkeapers kinne frijbliuwend makeler ynskeakelje op fernijde iepenhuzedei

Huzen ferkeapje tsjintwurdich dat it slydjaget. Dêrom hat in iepenhuzerûte sa't de makelersferiening NVM dy earder altyd hâlde, net folle doel. Der is no in nije oanpak en sneon is it safier.
© Rjochtenfrij
De Open-Huizendag wie jierrenlang in hiel ochheden. Op hûnderten plakken koene minsken yn te keap steande huzen frijbliuwend om harren hinne sjen. Ferkeapjende partijen sieten klear mei kofje en apeltaart om potinsjele keapers oer de streek te lûken. Mar tiden hawwe tiden, en alles is no oars. Huzen binne tsjintwurdich yn 'no time' ferkocht.
De iepenhuzedei fan sneon is dus oars. Net de keapers, mar de ferkeapers stean no sintraal. Minsken dy't der mooglik oer tinke it hûs te ferkeapjen kinne fergees en leechdrompelich in makeler ynskeakelje. Dy fertelt dan hoe't it allegearre giet en makket in globale ynskatting fan de ferkeappriis.
Willem Donker, NVM
De Fryske NVM-foarsitter Willem Donker hopet dat dat nije huzen opsmyt foar de merk. Troch it neamen fan de ferkeapwearde, dy't heech is yn dizze tiden dat huzen djoer binne, gean minsken der mooglik earder ta oer it hûs te keap te setten. Dan is der wer mear oanbod op de merk en ek mear wurk foar de makelers.