Tûzen minder fêste campingplakken yn Fryslân yn kommende twa jier

Fan tinten en steancaravans nei lúkse lodges; yn de kommende twa jier ferdwine hast tûzen fêste seizoensplakken op campings yn it súdwesten fan Fryslân. It komt troch nije plannen en oernames fan ferskate campings.
Op dit stuit giet it om fiif campings yn de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân:
Yn Nederlân binne al jierren soargen oer it ferdwinen fan de lytse smûke campings en de komst fan grutte fakânsjeparken. Foaral de druk op de kustprovinsjes is grutter wurden.
Yn 2012 hie Fryslân noch 120 terreinen dêr't húskes op stean. No, njoggen jier letter, binne dat der 191. Allinnich Flevolân en Seelân ha in gruttere groei.
Sjoch yn de kaart hjirûnder de groei fan it tal fakânsjeparken:
Taname fakânsjeparken de provinsje 2012-2021, boarne: CBS © Omrop Fryslân
Neffens ûndersiker Jasper Heslinga komt it trochdat der folle mear te fertsjinjen is mei húskes as mei in camping.
Heslinga ûndersiket trends yn toerisme en rekreaasje. "Een traditionele camping kun je alleen verhuren bij mooi weer, maar de grote massa wil toch een dak boven hun hoofd in de rest van het jaar."

Ferlet is dúdliker

De fraach is dan wol: wêrom nimt it tal terreinen mei lúkse húskes no sa eksplosyf ta yn de provinsje? "Als je kijkt naar de sector, moet je de link met corona ook leggen. De trend was al gaande, maar door corona is extra zichtbaar geworden wat de behoefte is. Als je het vanuit een investering bekijkt, is het veilig om daar je geld in te steken."
Het heeft een enorme impact op je landschap, wil je overal betonnen dozen?
Undersiker Jasper Heslinga
De trend kin ek in soad neidielen mei him meibringe, seit Heslinga. "De inkomsten gaan niet meer naar de lokale mensen. Die lekken weg. En het heeft wel een enorme impact op je landschap, wil je overal betonnen dozen?"